iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Rûge_dong
Rûge dong - Wikipedy Springe nei ynhâld

Rûge dong

Ut Wikipedy
In rûchskerne njonken in pleats

Rûge dong is in mingsel fan dong, de trochgong fan bisten en almeast dy fan kij, hynders, bargen, skiep en hinnen, mei urine en strie.
Rûge dong wurdt almeast opslein op in rûchskerne en dêrnei mei in dongstruier oer it lân spraat.

Der binne ferskate dongsoarten neffens bistesoarten:

Rûge kowedong is der yn de lêste tsientallen jierren folle minder, om't de measte molkkij, ynstee fan yn it bûthûs, yn in lisboksstâl holden wurde, dêr't gjin strie brûkt wurdt. Ynstee dêrfan binne der putten ûnder de flierren, dêr't de dong troch skreven yn de flier falt, of troch in dongskower yn in gat oan 'e ein fan de stâl skood wurdt. Sjesokke dong wurdt faak jarre neamd.

Yn farske rûge dong ûntjouwe ferskate mikro-organismen, dêr't de wichtichsten fan binne:

Troch de mikro-organismen wurde organyske stoffen, sa as aaiwiten, koalhydraten en fetten ta ienfâldigere ferbinings ôfbrutsen, sawol yn organyske as anorganyske. De skimmels, dy't it strie ôfbrekke, en de aeroabe baktearjes, dy't de dong ôfbrekke, ûntwikkelje harren allinne as der foldwaande lucht yn de dong oanwêzich is. De strielskimmels brekke tige dreech ôf te brekken materiaal ôf. Troch de warberens fan dy mikro-organismen kin de temperatuer yn de dong in ein omheech gean. Yn in anaeroabe tastân, dêr't allinne anaeroabe baktearjes en strielskimmels wurkje, wurdt de dong minder fier ôfbrutsen en giet it ôfbrekken ek folle stadiger oan, dêrtroch't de temperatuer ek folle leger bliuwt.
Rûge dong is benammen gaadlik foar bedongjen as it al ien jier âld is, om't it better te struien is en de fiedingsstoffen makliker foar de planten ta beskikking binne.