iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Prins
Prins - Wikipedy Springe nei ynhâld

Prins

Ut Wikipedy

In prins is in aadlike titel dy't ferskillende betsjuttings hat. It froulike ekwivalint is in prinsesse. It wurd komt, fia it Frânske prince fan it Latynske princeps, dat in gearstalling is fan primus, "earst(e)", en capio, "gripe", mei de betsjutting fan "haadman" of "hearsker".

Der besteane ferskate soarten prinsen:

  • De prins (prinsesse) as regearjend monarch. Dit soarte fan prinsen stiet oan it haad fan in prinsdom, lykas foarhinne it prinsdom Oranje, dêr't it Nederlânske keningshûs syn famyljenamme (Oranje-Nassau) oan ûntliend. Hjoeddeistige foarbylden fan sokke prinsdommen binne Monako en Andorra. Foarhinne wiene der folle mear, benammen yn Itaalje. Yn it Dútsktalige gebiet waarden sokke prinsen foarst (Fürst) neamd, en sadwaande is it foarstedom Lychtenstein dan ek ekwivalint oan in prinsdom.
  • De prins (prinsesse) as net-dynastyk ealman. By dit soarte fan prinsen is 'prins' in erflik oerdraachbere famyljetitel, ferlykber mei hartoch, greve of markys. Sokke prinsen komme en kamen benammen foar yn Frankryk, Itaalje en op it Ibearysk Skiereilân, om't ek dizze foarm fan prinsen yn it Dútske taalgebiet foarst neamd waard. Foarbylden fan dit soarte fan prinsen binne de Frânske prinsen fan Condé en Sedan, of om in spesifyk gefal te neamen, Ruy Gómez de Silva, prins fan Éboli, ien fan 'e machtichste Spaanske eallju út 'e sechstjinde iuw.
  • De prins fan it bloed (prinsesse fan it bloed). Sokke prinsen binne de soannen fan keningen of keizers, hoewol't yn guon lannen (Eastenryk, Ruslân) dêrfoar net de titel prins brûkt waard, mar aartshartoch.
    • De kroanprins (kroanprinsesse) is de prins fan it bloed yn in beskaat lân dy't erfgenamt fan 'e troan is. Yn 'e regel giet it dêrby om 'e âldste soan (of dochter) fan 'e regearjende monarch, mar it kin ek in jonger bern of in broer (of suster) wêze.
    • De erfprins (erfprinsesse) is in oare beneaming foar in erfgenamt fan 'e troan. Yn 'e regel wurdt mei de titel 'erfprins' of 'erfprinsesse' it âldste bern fan 'e kroanprins oantsjut.
  • De prins-gemaal is yn guon lannen (lykas Nederlân) de titel fan 'e oarehelte fan 'e regearjende keninginne. Om't it fan âlds ornaris de kening wie dy't regearre, soe in keningstitel yn dit gefal ta betizing liede kinne, en sadwaande wurdt de titel prins-gemaal brûkt om oan te jaan dat it de keninginne is dy't regearret. Oarsom wurdt de oarehelte fan in regearjend kening nea in 'prinsesse-gemalinne' neamd, mar gewoan in 'keninginne'. Foarbylden wiene prins Claus en prins Bernhard.
  • De prinsbiskop wie foarhinne in roomsk biskop of aartsbiskop dy't njonken syn tsjerklike funksje ek wrâldsk bestjoer útoefene oer in beskaat gebiet. Foarbylden dêrfan wiene de prinsbiskoppen fan Luik, Keulen en Trier. Bernard fan Galen, better bekend as 'Bommebearend', dy't yn 1672 de noardlike Nederlannen binnenfoel, wie de prinsbiskop fan Meunster.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.