iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Piebe_Bakker
Piebe Bakker - Wikipedy Springe nei ynhâld

Piebe Bakker

Ut Wikipedy

Piebe Bakker (Koudum, 2 juny 1929 - Wommels, 3 novimber 2002) wie dirigint, direkteur fan de muzykskoallen "Bolsward c.a." en de "Zuid-West-Hoek van Friesland".

Bakker gie nei it Muzyklyseum yn Swol dêr't hy foar koar- en orkestdireksje oplieden waard. Hy makke in spesjale stúdzje fan harmony en fanfare by de Nederlânske komponist Gerard Boedijn. Doe't it Nasjonaal Jeugd Fanfareorkest (NJFO), oprjochte troch de Nederlânske Federaasje fan Kristlike Muzykbûnen (NFCM), in nije dirigint hawwe moast, waard Bakker beneamd. As dirigint fan it NJFO hat hy in soad talintfolle muzisy foarme foar in lettere muzikale loopbaan; ûnder oare Jan de Haan, Rieks van der Velde, Nico Siefers en Dick Bolt. Yn 1986 waard him foar syn ynset foar de NJFO de Gerard Boedijn Pinning oerhandige.

Tegearre mei Jan de Haan en Jan van Ossenbruggen foarme hy de Muzyk Advys Kommisje (MAC) fan de NFCM. By Omrop Fryslân wie Bakker jierrenlang de klankregisseur by opnames fan koaren en korpsen foar it sneinske programma Musykmaskelyn.

Yn 1980 waard Bakker troch de stichting Frysk Orkest ûnderskieden mei it Gouden Fioeltsje foar syn brede bydrage oan de ûntwikkeling fan it wêzen fan de HaFa-orkesten en brassbands. As dirigint fan ferskate muzykorkesten yn Fryslân helle hy by ien fan de Nederlânske organisaasjes seis kear de kampioenstitel en op it Wrâldmuzykkonkoers yn Kerkrade yn de heechste difyzje in earste priis. Hy makke mei syn orkesten meardere lp's en fersoarge ûnder mear mei de muzykferiening Crescendo fan Drachten en Nij Libben fan Koudum konserten yn it ramt fan it Holland-Festival. Bakker wie dirigint fan it Nasjonaal Jeugdkorps (stifte yn 1964), muzykmeiwurker fan de RONO en sjuerylid by de Federaasje far harmony- en fanfareorkesten yn Nederlân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: