iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Patricia_Briggs
Patricia Briggs - Wikipedy Springe nei ynhâld

Patricia Briggs

Ut Wikipedy
Patricia Briggs
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Patricia Briggs
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 28 febrewaris 1965
berteplak Butte (Montana)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy
bekendste
  wurk(en)
Mercy Thompson-searje
Alpha and Omega-searje
útjouwer Ace Books
Orbit Books
jierren aktyf 1993 – no
offisjele webside
www.patriciabriggs.com

Patricia Briggs (Butte (Montana), 28 febrewaris 1965), is in Amerikaansk skriuwster fan fantasyliteratuer, dy't op dat mêd aktyf is sûnt 1993. Har bekendste en súksesfolste wurk is de Mercy Thompson-searje, in rige romans en koarte ferhalen fan it subsjenre fan 'e urban fantasy. Briggs is ek de auteur fan 'e Alpha and Omega-searje, dat in spin-off-rige fan 'e Mercy Thompson-boeken is.

Patricia Briggs waard yn 1965 berne yn it plak Butte, yn 'e steat Montana. Se sette yn 1993 útein mei har karriêre as fantasyskriuwster mei de publikaasje fan har earste roman, Masques. Dat wie net in daverjend súkses, mar har folgjende boek, Steal the Dragon (1995), smiet har bettere ferkeapsifers en mear loovjende resinsjes op. Yn 1998 kaam har trêde roman út, When Demons Walk. Hoewol't dy trije earste boeken yn prinsipe op harsels steane, spylje se yn deselde wrâld en hawwe se deselde haadpersoanen en itselde tema (wearwolven). Mei it yn 2010 útkommen Wolfsbane foarmje se de Sianim-searje.

Fanôf 2000 skreau Briggs ferskate koartere rigen: de Hurog-duology fan Dragon Bones (2002) en Dragon Blood (2003), en de Raven-duology fan Raven's Shadow (2004) en Raven's Strike (2005). Dat binne beide trochrinnende ferhalen, mar Briggs lit de lêzer nea yn spanning (en frustraasje) efter troch in boek mei in cliffhanger te beëinigjen.

Oant safier diene har romans it ridlik, mar net útsûnderlike goed. Al har ferhalen wiene tradisjonele fantasy, en spilen dus yn in troch harsels optochte wrâld. Har útjouwer frege har doe om it subsjenre fan 'e urban fantasy ris te prebearjen, mei't dêr aardich wat groei yn siet. Urban fantasy is fantasy dy't tsjin in stedske eftergrûn plakfynt, faak (mar net altyd) yn ús eigen wrâld. Briggs skreau doe Moon Called, de earste roman fan 'e Mercy Thompson-rige , oer in froulike automonteur ("Mercy" is koart foar Mercedes, in grapke fan 'e skriuwster, tink) dy't harsels troch har Yndiaansk komôf feroarje kin yn in prêrjewolf, en dy't behelle rekket yn 'e nuverste eksploaten mei wearwolven, fampieren, ierdgeasten en noch apartere wêzens dy't har allegear beskûl hâlde soene yn 'e skaden fan ús moderne maatskippij.

Moon Called (2006) waard Briggs har grutte trochbraak, en ferkocht sa goed dat it de bestsellerlist fan 'e krante USA Today helle. It twadde diel fan 'e searje, Blood Bound (2007) helle de bestsellerlist fan 'e krante de New York Times, in wis teken dat men it yn Amearika as skriuwer makke hat. Diel 3, Iron Kissed (2008) kaam op it earste plak fan 'e fan 'e bestsellerlist fan 'e New York Times te stean. Underwilens (mids 2016) telt de rige njoggen dielen, dy't sûnder útsûndering bestsellers waarden, en sjocht it der net nei út dat Mercy har libben mei koarten simpeler of rêstiger wurde sil. Yn 2009 ferskynde fierders de grafyske roman Mercy Thompson: Homecoming, in prequel fan it earste diel fan 'e searje. Yn 2012 ferskynde Moon Called as grafyske roman, en yn 2015 folge noch in orizjineel ferhaal, Hopcross Jilly, yn dy foarm.

Fan Alpha and Omega, in spin-off-rige fan 'e Mercy Thompson-searje, ferskynde it earste diel, dat ek Alpha and Omega hiet, yn 2007. Fan dizze rige binne ûnderwilens fiif dielen útkommen.

Patricia Briggs hat troch de jierren hinne op ûnderskate plakken yn it Amerikaanske Noardwesten wenne. Sûnt likernôch 2000 wennet se mei har man, ferskate bern en in keppel hynders yn 'e saneamde Tri-Cities (Richland-Kennewick-Pasco), yn 'e Amerikaanske steat Washington, yn deselde krite dy't ek it toaniel foarmet foar de ferhalen oer Mercy Thompson.

(nei rige, op folchoarder fan ynterne gronology)

  • Sianim-rige
    • 1993 – Masques
    • 2010 – Wolfsbane
    • 1995 – Steal the Dragon
    • 1998 – When Demons Walk
      • 2012 – Shifter's Wolf (Aralorn Novels) (omnibusedysje dy't Masques en Wolfsbane omfettet)
  • Hurog-duology
    • 2002 – Dragon Bones
    • 2003 – Dragon Blood
  • Raven-duology
    • 2004 – Raven's Shadow
    • 2005 – Raven's Strike
  • op harsels steande romans
    • 2001 – The Hob's Bargain

(meast publisearre yn mingde ferhalebondels mei de koarte fiksje fan oare skriuwers)

op harsels steande ferhalen
  • 1999 – Wishing Well (yn Adventures of Sword and Sorcery Magazine #6)
  • 1999 – The Price (yn Silver Birch, Blood Moon)
ferhalen út de wrâld fan 'e Mercy Thompson-rige

Grafyske romans

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2009 – Mercy Thompson: Homecoming
  • 2012 – Mercy Thompson: Moon Called
  • 2015 – Mercy Thompson: Hopcross Jilly

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.