iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Opposysje_(polityk)
Opposysje (polityk) - Wikipedy Springe nei ynhâld

Opposysje (polityk)

Ut Wikipedy

Opposysje, fan it Frânske opposition ("wjerstân") is yn 'e polityk in sammelnamme foar alle politike partijen dy't op in stuit net yn it regear (op lanlik nivo), it Kolleezje fan Deputearre Steaten (op provinsjaal nivo) of it Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders (op gemeentlik nivo) sitte. Sokke partijen wurde opposysjepartijen neamd.

In útsûnderingsposysje nimme partijen yn 'e lanlike polityk yn dy't ôfspraken makke hawwe om in minderheidsregear te stypjen troch gedoochstipe te jaan. Sokke partijen wurde meastal net ta de opposysje rekkene, ek al hawwe se gjin sit yn it regear. De fraksjefoarsitter fan 'e opposysjepartij mei de measte sitten wurdt meastal oantsjut as de opposysjelieder. Yn diktatueren wurdt it fieren fan opposysje as yllegaal sjoen en wurde opposysjeleden dêrom ferfolge en ûnderdrukt. Yn demokrasyen foarmet de opposysje lykwols in ûnferfrjemdber part fan it oerheidsprinsipe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.