iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Oentsjerk
Oentsjerk - Wikipedy Springe nei ynhâld

Oentsjerk

Ut Wikipedy
Oentsjerk
Staniastate
Staniastate
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Tytsjerksteradiel
Sifers
Ynwennertal 2.060 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 3,75 km², wêrfan
- lân: 3,71 km²
- wetter 0,03 km²
Befolkingsticht. 548 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 15' N 5° 53' E
Doarpsgebiet fan Oentsjerk (grien) yn de gemeente Tytsjerksteradiel
Doarpsgebiet fan Oentsjerk (grien) yn de gemeente Tytsjerksteradiel
Offisjele webside
Oentsjerk op de side fan Trynwâlden
Kaart
Oentsjerk (Fryslân)
Oentsjerk

Oentsjerk is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Oentsjerk leit oan de N361, tusken Aldtsjerk en Gytsjerk en is oer de Oentsjerkster Feart ferbûn mei De Moark.

Oentsjerk hat 2.060 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

De romanogoatyske Marijetsjerke fan Oentsjerk

Oentsjerk is ûntstien op it sân fan de Trynwâlden. Yn de 12e iuw hie it doarp al in tsjerkje fan dowestien, dy't om 1230 hinne troch de hjoeddeiske tsjerke ferfongen is. It doarp lei nei alle gedachten yn dy tiid by de tsjerke. Letter is it lykwols in lintdoarp de Wâlddyk bylâns wurden.

De sângrûn makke in boskgebiet mooglik. Ferskate aadlike geslachten hawwe dêrom by it doarp states mei grutte parken boud. Likernôch healwei de 15e iuw waard benoarden it doarp Eysingastate boud, dat lykwols yn 1759 ôfbrutsen is. Om 1500 hinne waard oan de eastkant fan it doarp Heemstra State oanlein, dat oant de jierren 1970 bestien hat, mar doe ôfbrutsen en ferfongen is troch it âldereinsintrum Nij Heemstrastate. Oan de noardein fan it doarp stiet sûnt de 17e iuw Staniastate. Benoarden fan de state rint in âld boskpaad, De Reade Singel, en steane de boskjes Grikelân en Turkije.

Yn it eastlik part fan de himrik ûntstie yn de 19e en 20e iuw in aparte buorskip, sûnt 1948 it selsstannige doarp Mûnein. Oentsjerk hat yn de twadde helte fan de 20e iuw in soad nijbou krige oan de eastlike kant fan it doarp.

Doarp fan States

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ferline telde Oentsjerk fiif states. Fan dizze fiif binne der noch twa folslein yntakt en yn it park fan in tredde stiet it moderne âldereinkompleks Skewiel. Fan de oare beide binne allinnich in strjitnamme en in pleats op it stee werom te finen.

De states binne:

Uniastate
  • Staniastate: In moai slagge foarbyld fan in Fryske state, steand yn it skildereftige Stania-park oan de Rengerswei (it diel fan de Rengerswei dat ôfsplitst fan de N361. Yn Oentsjerk is de Staniasingel nei dizze state ferneamd.
  • Uniastate (Net betiizje mei Uniastate (Bears) en Uniastate (Mitselwier): Wyt lânhûs dat brûkt waard as doktershûs. Hoeke Dokter Kylstrawei / Rengerswei. De Uniasingel is nei dizze state ferneamd.
  • Heemstrastate: Ofbrutsen. Yn it Heemstra park stiet it âldereinkompleks Skewiel (foarhinne Nij Heemstra State). It Heemstra park leit oan de Rengerswei en dielt Oentsjerk yn twa dielen. De Heemstrasingel is nei dizze state ferneamd.
  • Andringastate: Ofbrutsen. It hat sawat stien op de hoeke Rengerswei/Wynserdyk (dêr't no de eardere Friesland Bank stiet).
  • Eijsingastate: Ofbrutsen. As men oer de Rengerswei Oentsjerk útrydt en de N361 (dy't yn Oentsjerk Rengerswei hjit) rjochting Dokkum ferfolget, sjocht men skean foar Staniastate oer in lytse pleats. Op dit stee stie de Eijsingastate. Yn Oentsjerk is gjin strjitte nei dizze state ferneamd, mar yn it tichtby lizzende Aldtsjerk leit it Eijsingapaad, in smelle wei dy't út de rjochting fan Oentsjerk nei de súd-eastkant fan Aldtsjerk rint.

Oentsjerk hat gjin doarpshûs, mar wol in feriening foar Doarpsbelang. De skoallen fan it doarp hjitte 'De Opstap' en 'De Paadwizer'. De Koeketromp is de doarpskrante. De bynamme foar in ynwenner fan Oentsjerk is koekefretter.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1845 1913 1954* 1959 1964 1969 1973 2005 2009
Ynwenners 720 1.197 698* 705 659 782 1.012 1.784 1.810
Jier 2015 2020
Ynwenners 1.810 1.912

.(* sûnder Mûnein)

Eardere grifformearde tsjerke (no PKN)

De PKN-gemeente Trynwâlden hat bûten de oare tsjerken yn Gytsjerk en Aldtsjerk twa tsjerken yn Oentsjerk:

Trynsje mei har sân soannen

Yn Oentsjerk stiet sûnt 1986 yn stânbyld fan Tryntsje-muoi en har sân soannen, makke troch Annet Haring.

Andringasingel, De Dobbe, De Finne, De Greide, De Ikker, De Jister, De Kamp, De Mieden, De Pleats, Dokter Kijlstrawei, Douweleane, Frisiastate, Heemstrasingel, Hofwegen, It Medsje, Jan de Wittstrjitte, Rengerswei, Sanjesreed, Staniasingel, Uniasingel, Van Haersmasingel, Wynserdyk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tytsjerksteradiel
Doarpen en útbuorrens:
AldtsjerkBurgumEarnewâldEastermarFeanwâldsterwâl (foar in part)GarypGytsjerkHurdegarypJistrumMûneinNoardburgumOentsjerkRyptsjerkSumarSuwâldTytsjerkWyns
Buorskippen:
Bartlehiem (foar in part)De JoereGytsjerksterhoekeIt HeechsânIniaheideKûkherne (foar in part)Lytse GeastNoardermarQuatrebrasSigerswâldSkûlenboarchSumarreheideTergrêftIt WytfeanSânhuzenSwarteweisein
· · Berjocht bewurkje