In oanslach of moardoanslach (ta ûnderskie fan bgl. in bomoansloch of in terroristyske oanslach) is in misdriuw yn 'e foarm fan in oanfal op in wichtich persoan mei de bedoeling om dyselde te fermoardzjen of yn elts slim te ferwûnjen. Yn 'e juridyske sin kin mei in 'oanslach' sawol in súksesfol útfierde oanslach as in feridele of mislearre oanslach bedoeld wêze. Faak tsjinnet in moardoanslach in polityk of ideologysk doel, mar dat hoecht net.
kêst 93: oanslach tsjin it ryk (fan Nederlân). Hjirop stiet 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory.
kêst 94: oanslach tsjin 'e regearingsfoarm (fan Nederlân). Hjirop stiet 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory.
kêst 108: oanslach op 'e oarehelte fan 'e kening, de kroanprins(esse) of de oarehelte fan 'e kroanprins(esse). Hjirop stiet (1) in finzenisstraf oant 15 jier of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory, of (2) as de oanslach de dea ta gefolch hat, 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory.
kêst 115: oanslach op in befreone steatshaad. Hjirop stiet (1) in finzenisstraf oant 15 jier of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory, of (2) as de oanslach de dea ta gefolch hat, 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory.
kêst 117: oanslach op in ynternasjonaal beskerme persoan. Hjirop stiet (1) in finzenisstraf oant 15 jier of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory, of (2) as de oanslach de dea ta gefolch hat, 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory.