iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Noarmen_en_wearden
Noarmen en wearden - Wikipedy Springe nei ynhâld

Noarmen en wearden

Ut Wikipedy

Noarmen en wearden binne de omgongsfoarmen en prinsipes dêr't men yn 'e iepenbiere romte en yn sosjaal ferbân neffens hannelet. Faak wurde de beide termen yn 'e polityk en de media as ien oerkoepeljend begryp oantsjut, of ûnrjochtlik as synonimen trochinoarhinne brûkt. Nau mei noarmen en wearden ferbûn is it begryp fatsoen.

Wearden binne ideälen en motiven dy't in maatskippij of in groep binnen in maatskippij beskôget as wurdich om neistribbe te wurden. It binne, koartsein, opfettings oer wat winsklik is, benammen oangeande minsklik hâlden en dragen. Der binne twa soarten wearden. Yn it foarste plak binne der yntrinsike wearden, dy't neistribbe wurde om't se in etyske jildigens hawwe dy't fêststiet. Foarbylden binne: frijheid en rjochtfeardichheid. Dêrnjonken besteane ek ynstrumintele wearden, dy't troch beskate persoanen of groepen earne oan ferliend wurde. In foarbyld dêrfan is monumintesoarch: âlde moles moatte beholden wurde om't se by it lânskip fan Nederlân hearre.

Noarmen binne de konkrete gedrachsregels en foarskriften dêr't wearden yn omset wurde. Foarbylden fan noarmen dy't yn frijwol alle maatskippijen foarkomme, binne in ferbod op moard en dieverij. Dêrnjonken binne der ek folle minder algemiene, mar dêrom net minder dúdlike noarmen, dy't lang net yn alle lannen foarkomme. Sa jildt yn West-Afrika tradisjoneel de noarm dat froulju yn it iepenbier de skonken bedutsen hawwe moatte en dus net yn in koarte rok of yn koarte broek omrinne kinne. Oan 'e oare kant wurdt der dêre, alteast op it plattelân, faak net bot fan opsjoen as froulju mei bleate boarsten omrinne. Yn 'e Westerske maatskippij jildt de noarm dat froulju inkeld op it strân topless gean kinne, wylst koarte rokken of koarte broeken yn in hiel soad sitewaasjes folslein akseptabel binne.

Noarmen kinne posityf wêze (yn 'e foarm fan geboaden), mar ek negatyf (yn 'e foarm fan ferboaden). Dêrnjonken kinne se ferskille yn berik: se kinne jildich wêze foar eltsenien yn in beskate maatskippij, of foar ien fan 'e seksen of foar in beheindere sosjale groep. Se binne foar in oansjenlik diel tiidgefoelich. Sa wie homoseksualiteit om 'e midden fan 'e tweintichste iuw yn 'e Westerske maatskippij noch tsjin eltse noarm, mar is it no frij algemien akseptearre. Ek steane noarmen faak bleat oan moadeferskynsels. Ofwiking fan 'e jildende noarmen liedt ta in foarm fan bestraffing dy't útinoar rinne kin fan finzenisstraf of sels de deastraf (bgl. foar moard) oant bespotting (bgl. as men net de juste klean foar de juste omstannichheden draacht). Fierders binne noarmen sterk ôfhinklik fan it religieuze, kulturele en maatskiplike ramt. Wat yn 'e iene kontekst as folslein te fersmiten jildt, kin yn in oare kontekst krekt posityf wurdearre wurde of sûnder betsjutting wêze. Sa kin it dus wêze dat twa ferskillende groepen ien en itselde feit totaal tsjinsteld wurdearje. Dat kin liede ta heftige, emosjonele konflikten (tink bgl. oan 'e swartepitediskusje yn Nederlân).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.