iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Noardlik_healrûn
Noardlik healrûn - Wikipedy Springe nei ynhâld

Noardlik healrûn

Ut Wikipedy
It noardlik healrûn fan boppe de Noardpoal.

It noardlik healrûn is de helte fan in planeet dat noardlik fan de evener leit. Op ierde leit it meastepart fan de lânmassa fan de ierde op it noardlik healrûn, likernôch 90 persint fan de befolking op de ierde wennet op it noardlik healrûn.

Op de ierde lizze de measte wrâlddielen, útsein Austraalje en Antarktika, foar in part of hielendal op it noardlik healrûn. Aazje en Súd-Amearika lizze foar in part op it súdlik healrûn en de Yndonesyske eilannen binne it ienige part fan Aazje dat súdlik fan de evener leit.

Op it noardlik healrûn binne de seizoenen tsjinoersteld oan de seizoenen op it súdlik healrûn. De simmer begjint op it noardlik healrûn offisjeel op 21 juny, op de langste dei benoarden de Kreeftskearkring. Op 21 augustus giet de simmer oer yn de hjerst. De winter begjint op de koarste dei yn dit gebiet, op 21 desimber. De winter duorret hjir oant 21 maart, wêrnei it de maitiid wurdt.

Op it noardlik healrûn stiet de sinne middeis, útsein yn it gebiet tusken de kreeftskearkring en de evener as it simmer is, altyd yn it suden. De sinne giet hjir fan links nei rjochts op in dei, in tsjinstelling ta it súdlik healrûn.

Troch it Koriolis Effekt waaie de winen yn sykloanen op it noardlik healrûn loftsom (tsjin de klok yn) en op it súdlik healrûn rjochtsom (mei de klok mei)

Boppe de poalsirkel is it simmerdeis de heule dei ljocht, wylst it winterdeis heule dagen tsjuster is.

Op it noardlik healrûn kin de Poalstjer as oriïntaasje brûkt wurde. Op it súdlik healrûn is dizze stjer net te sjen. Wol binne der oare stjerren en stjerrebylden dy’t op it noardlik healrûn net sjoen wurde kinne en op it súdlik healrûn wol.