Monsters vs. Aliens (franchise)
Monsters vs. Aliens | ||
eigner | DreamWorks Animation | |
lân | Feriene Steaten | |
begjinjier | 2009 | |
einjier | 2014 | |
films | ||
langspylfilms | Monsters vs. Aliens | |
koarte films | ● B.O.B.'s Big Break ● Night of the Living Carrots | |
tillefyzje | ||
tekenfilmsearjes | Monsters vs. Aliens | |
specials | Mutant Pumpkins from Outer Space | |
spultsjes | ||
fideospultsjes | ● Monsters vs. Aliens ● Madagascar Kartz ● Super Star Kartz ● B.O.B.'s Super Freaky Job | |
muzyk | ||
soundtracks | Monsters vs. Aliens | |
offisjele webside | ||
www.monstersvsaliens.com |
Monsters vs. Aliens is in Amerikaanske mediafranchise fan 'e filmstudio DreamWorks Animation. De franchise sette yn 2009 útein mei in lange animaasjefilm, dêr't letter twa koarte films, in tillefyzjespecial, in tekenfilmsearje en ferskate fideospultsjes nei makke waarden. De franchise draait om in groepke meunsters dat de Ierde yn opdracht fan it regear fan 'e Feriene Steaten ferdigenet tsjin bûtenierdske en boppenatuerlike bedrigings.
Film
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Monsters vs. Aliens (film).
Monsters vs. Aliens is in Amerikaanske kompjûteranimearre science fiction-film út 2009 ûnder rezjy fan Conrad Vernon en Rob Letterman. It wie de earste film fan DreamWorks Animation dy't streekrjocht yn stereoskopysk 3D-formaat makke waard ynstee fan yn 2D makke te wurden en pas nei foltôging omset te wurden yn 3D. Dat makke de film $15 miljoen djoerder. Monsters vs. Aliens waard ynsprutsen troch in stjerrecast fan stimakteurs, mei û.o. Reese Witherspoon, Seth Rogen, Hugh Laurie, Kiefer Sutherland, Stephen Colbert en Renée Zellweger. De film gie yn maart 2009 yn premiêre en brocht $382 miljoen op tsjin in budget fan $175 miljoen.
Koarte films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]B.O.B.'s Big Break
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 26 septimber 2009 waard de earste fan twa koarte films útbrocht, B.O.B.'s Big Break, dat eins in prequel is fan 'e earder publisearre lange animaasjefilm. Dizze koarte film waard ek as bonus tafoege oan 'e op 29 septimber 2009 útkommen blu-ray- en dûbel-dvd-edysje fan Monsters vs. Aliens.
Yn B.O.B.'s Big Break besykje B.O.B., dr. Cockroach en The Missing Link harren sipier yn Area 52, kaptein W.R. Monger, te slim ôf te wêzen. Cockroach fuorret B.O.B. in gemysk mingsel dat him feroarje moat yn in bom, mar ynstee jout it B.O.B. it fermogen om 'e tinzen fan oaren te lêzen. Dêrtroch komme de trije meunsters efter it bestean fan in geheime útgong fan harren finzenis. Harren ûntsnappingsplan mislearret lykwols as B.O.B. it fleantúch dêr't se mei ûntsnappe sille, oansjocht foar in piñata dy't er stikkenslaan moat. By de resultearjende ûntploffing rekket er syn nije krêften wer kwyt.
Mutant Pumpkins from Outer Space
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Monsters vs. Aliens: Mutant Pumpkins from Outer Space is in tillefyzjespecial yn 'e foarm fan in koarte tillefyzjefilm, ûnder rezjy fan Peter Ramsey. De special waard yn 2009 ta gelegenheid fan Halloween makke, en belibbe syn wrâldpremiêre doe't er op 26 oktober 2009 útstjoerd waard op it Ierske tillefyzjekanaal RTÉ One. Yn 'e Feriene Steaten kaam er pas op 28 oktober fan dat jier foar it earst op 'e tillefyzje. De special waard op 27 septimber 2010 yn it Feriene Keninkryk op dvd útbrocht, en kaam op 28 augustus 2012 yn 'e Feriene Steaten út op dvd en blu-ray, as ûnderdiel fan Shrek's Thrilling Tales, ek bekend as DreamWorks Spooky Stories.
Yn Mutant Pumpkins from Outer Space geane Susan en de oare meunsters nei Susan har eardere wenplak Modesto, yn Kalifornje, dêr't se krekt op 'e tiid arrivearje foar Halloween. Wylst Susan tiid trochbringt mei har âldelju, dogge de oare meunsters mei oan it trick-or-treating (ferklaaid by de doarren lâns gean te biddeljen), wêrmei't se in flinke berch snobbersguod gearbringe. Letter docht bliken dat de meunsters net samar yn Modesto kommen binne, mar om mei in groep mutearre pompoenen ôf te weven, dy't de momkape fan Halloween-pompoenen oannommen hawwe. As de pompoenen it snobbersguod fan 'e bern begjinne op te fretten om grutter te groeien, reägearje de meunsters en de bern troch harren ekstra snobbersguod ta te smiten, sadat se úteinlik sa opswold reitsje dat se ûntploffe. Mar ûngemurken falt in bytsje pompoene-'bloed', in grien guodsje dat ferantwurdlik wie foar de mutaasje fan 'e oarspronklik normale pompoenen, yn in kokentún dêr't woartels oanplante binne, mei as gefolch dat ien fan 'e woartels mutearret.
Night of the Living Carrots
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Night of the Living Carrots is in twadde koarte film fan 'e Monsters vs. Aliens-franchise, mei in spyldoer fan sa'n 13 minuten. It is in ferfolch op 'e tillefyzjespecial Monsters vs. Aliens: Mutant Pumpkins from Outer Space, en waard regissearre troch Robert Porter. De koarte film waard yn twa dielen útbrocht op 'e Nintendo 3DS-fideotsjinst: it earste diel op 13 oktober 2011 en it twadde fiif dagen letter. Op 28 augustus 2012 kaam Night of the Living Carrots ek út op dvd en blu-ray, as ûnderdiel fan Shrek's Thrilling Tales.
Nei de cliffhanger oan 'e ein fan Mutant Pumpkins from Outer Space hat de mutearre woartel tûzenen sombywoartels fuortbrocht, dy't de behearsking oer it ferstân fan harren slachtoffer oernimme as men deryn byt. Dr. Cockroach betinkt in oplossing: B.O.B., dy't gjin ferstân hat en dêrom ymmún is foar de krêften fan 'e sombywoartels, moat se allegear opite. Uteinlik docht B.O.B. dat mei tsjinnichheid, mar oan 'e ein fan 'e koarte film feroaret er sels yn in reuseftige sombywoartel.
Tillefyzjesearje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei yngong fan 23 maart 2013 wie op 'e tillefyzjestjoerder Nickelodeon in kompjûteranimearre tekenfilmsearje te sjen mei de titel Monsters vs. Aliens, dy't in ferfolch wie op 'e langspylfilm en de koarte films. Yn totaal waarden der 26 ôfleverings fan 22 minuten makke, wêrby't de stimmen fan 'e haadrollen ynsprutsen waarden troch Riki Lindhome (Susan), Chris O'Dowd (dr. Cockroach), Eric Edelstein (B.O.B.) en Diedrich Bader (The Missing Link). De searje waard makke troch de Nijseelânske animaasjestudio Oktober Animation, mar waard nei ien seizoen stopset omreden fan lege sjochsifers. De lêste ôflevering waard (foar it earst) útstjoerd op 8 febrewaris 2014.
Fideospultsjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It fideospultsje Monsters vs. Aliens, dat basearre wie op 'e langspylfilm mei deselde namme, waard op 24 maart 2009 útbrocht foar Microsoft Windows, PlayStation 2, PlayStation 3, Xbox 360, Nintendo DS en Wii. It spultsje waard ûntwikkele troch Beenox en Amaze Entertainment. Twa oare fideospultsjes waarden op Monsters vs. Aliens basearre, nammentlik: Madagascar Kartz (útbrocht op 27 oktober 2009) en Super Star Kartz (útbrocht op 15 novimber 2011). Hoewol't Madagascar Kartz fierhinne basearre is op 'e Madagascar-franchise, hat it in racetrack basearre op it romteskip út Monsters vs. Aliens. Super Star Kartz kombinearret eleminten út Monsters vs. Aliens, Madagascar, Shrek en How to Train Your Dragon. Op 10 oktober 2013 waard fierders noch in fergees spultsje foar op 'e mobile tillefoan publisearre, mei as titel B.O.B.'s Super Freaky Job.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |