iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Meden
Meden - Wikipedy Springe nei ynhâld

Meden

Ut Wikipedy
It Ryk fan de Meden

De Meden wienen in folk dat eartiids yn it noarden fan it Iran in ryk stifte dat bestie fan 728 f.Kr. oant 550 f.Kr. Sy sprutsen in Yndo-Jeropeeske taal dy't besibbe wie oan it Ald-Perzysk.

Harren earste kening wie Fraortes. Hy feriene alle stammen ûnder ien syn lieding en ferdreau de Assyrjers. Syn soan wie Deiokes syn opfolger en jildt as stifter fan it ryk.

Yn 614 f.Kr. fersleinen de Meden de Assyrjers foarfêst en ferwoasten harren haadstêd Assur.

De Meden waarden sels ferslein yn 550 f.Kr. troch de Perzen ûnder lieding fan Syrus II dy't in ein makke oan de Medensteat.

De taal fan de Meden hearde nei alle gedachten ta de noardwestlike tûke fan de Iraanske taalfamylje. Ta dizze groep heart tsjintwurdich it Koerdysk en it Beloetsjy yn Pakistan. It hjoeddeiske Perzysk (farsi) is deroan besibbe mar heart lykwols by de súdwestlike tûke fan de taalfamylje.