iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Machtergreifung
Machtergreifung - Wikipedy Springe nei ynhâld

Machtergreifung

Ut Wikipedy
Hitler sprekt fanút finster fan de Rykskânselerij op 30 jannewaris 1933

Machtergreifung wie in oantsjutting dy't de nazys brûkten foar harren machtsoername yn 1933. It is in Dútsk wurd dat 'machtsoername' betsjut. It komt fan it haadwurd Macht en it tiidwurd ergreifen. It wurd waard ornaris brûkt, mar wurdt no hast útslutend foar de machtsoername fan de nazys brûkt. Mei dizze Machtergreifung makke Hitler winliken in ein oan de Weimarrepublyk. De Machtsergreifung waard folge troch de Gleichschaltung.

Nei't Adolf Hitler op 30 jannewaris 1933 ta Rykskânselier beneamd waard, waard der in lytse moanne letter it Ryksdeigebou yn Berlyn yn brân stutsen. De Nederlânske kommunist Marinus van der Lubbe waard fan dy Ryksdeibrân beskuldige, oppakt, en feroardield. Hitler brûkte de brân en fergrutsje syn macht. Hy helle Rykspresidint Paul von Hindenburg oer en jou de plysje mear foech mei in feroardering. De plysje pakte kommunisten en oare fijannen fan de nazys op. In soad waarden fermoarde of nei konsintraasjekampen stjoerd. Ek yn dy tiid besochten de nazys mei in propagandakampanje foar de ferkiezings fan de Ryksdei yn maart 1933 in nasjonale ienheidsgefoel te skeppen. Nettsjinsteande alle propaganda en útskeakeling fan politike fijannen, wûn de NSDAP fan Hitler net de absolute mearderheid. Hja wûnen mei krapoan 44 prosint fan de stimmen. Hitler woe alle macht yn hannnen krije, dus kaam er mei in útstel ta wiziging (Machtigingswet) fan de grûnwet op 23 maart 1933. Dat slagge Hitler mei stipe fan de konservative DNVP en de katolike Sintrumpartij. Mei de grûnwetswiziging krige Hitler en syn regear it foech om fjouwer jier lang bûten de Ryksdei om te regearjen en wetten te meitsjen. Dizze machtsoername troch Hitler wurdt oantsjutten as Machtergreifung.