Krasnodar
Krasnodar | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Territoarium | Krasnodar |
Gemeente | Krasnodar |
Sifers | |
Ynwennertal | 744.995 (2010) |
Oerflak | 860 km² |
Befolkingstichtens | 866,3 / km² |
Stêdekloft | n.f.t. |
Hichte | 25-30 m |
Oar | |
Stifting | 1794 (stedsrj. 1867) |
Tiidsône | UTC+4 |
Simmertiid | UTC+3 |
Koördinaten | 45°02′N 38°58′E |
Webside | www.krd.ru |
- Dizze side giet oer de stêd Krasnodar. Foar oare betsjuttings, sjoch: Krasnodar (betsjuttingsside).
Krasnodar (Russysk: Краснодар, Krasnodar; klam op it lêste wurdlid) is in stêd mei sa’n 745.000 ynwenners (2010; folkstelling 2002: 646.000) oan 'e rivier de Koeban, yn it súdeasten fan Jeropeesk Ruslân. It is de haadstêd fan it territoarium (kraj) Krasnodar. De stêd Krasnodar leit op likernôch 1.250 km fan Moskou en op sa’n 80 km noardeastlik fan 'e Swarte-Seehaven Novorossiysk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd waard yn 1793 stifte as in fêsting fan 'e kozakken dy't ûnderdiel útmakke fan 'e ferdigening fan 'e grins mei it Osmaanske Ryk. De fêsting krige de namme Jekaterinodar, "Geskink" (dar) "fan Katarina" (jekaterino) (dat is Katarina de Grutte). Yn 'e njoggentjinde iuw ûntjoech de stêd him ta in wichtich hannelssintrum yn Súd-Ruslân en waakste de befolking bot oan.
Yn 'e Russyske Boargeroarloch keazen in protte Koebankozakken de kant fan 'e anty-bolsjewistyske Witen. Yn desimber 1920 waard de stêd omdoopt yn Krasnodar (krasno betsjut "read"). Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard de stêd fan augustus 1942 oant febrewaris 1943 beset troch de Dútsers. Krasnodar rekke swier skansearre en moast nei de oarloch fannijs opboud wurde.
Ekonomy en ûnderwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krasnodar leit yn in tige fruchtber lânbougebiet (swarte ierde), dêr't as meast noarlike regio yn 'e wrâld ek tee produsearre wurdt. In protte yndustry yn 'e stêd hat te krijen mei de lânbou, lykas itensferwurking en de produksje fan lânboureau. De stêd hat in grut tal ynstellings foar heger ûnderwiis, dêr’t de Koeban-Steatsuniversiteit (KoebGOe, stifte yn 1920) en de Koeban-Steatslânbou-universiteit (KGAOe, de grutste fan Ruslân, stifte yn 1922) de wichtichsten fan binne. Teffens binne der oaljeraffinaderijen.
Sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fuotbal: FK Kuban Krasnodar
Partnerstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ferrara (Itaalje)
- Karlsruhe (Dútslân), sûnt 1997
- Tallahassee (Feriene Steaten)
- Burgas (Bulgarije)
- Harbin (Sina)
- Poltava (Oekraïne
-
it Koebanstadion
-
tram yn Krasnodar
-
de rivier de Koeban
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Krasnodar fan Wikimedia Commons. |