iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Kollaborateur
Kollaboraasje - Wikipedy Springe nei ynhâld

Kollaboraasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kollaborateur)

Kollaboraasje is gearwurkjen mei de fijân, dat it betsjut krimineel hanneljen yn tsjinst fan de besetter en ek handélich wêze yn moard, ferfolgings, ekonomysk útrûpeljen en meiwurking oan marionetteregearings.

It begryp is ôflaat fan it Franske werkwurd collaborer dat gearwurkjen betsjut. It wurd krige syn negative betsjutting yn de Earste en de Twadde Wrâldkriich. Dat kollaboraasje hat te krijen mei gearwurking mei in (útlânske) fijân, en rjochtet him tsjin de eigen oerheid. Persoanen dy't harren skuldich makke hawwe oan kollaboraasje wurde kollaborateurs neamd. Yn Belgje hat men it ek wol oer incivieken of swarten.

It feroardieljen fan kollaboraasje hinget gear mei it feit dat de 20e-iuwske naasjesteaten fiergeande loyaliteit fan harren boargers easken. Yn 1814 lykwols, nei sa'n tweintich jier Frânske besetting, hie gearwurking mei de Frânsken amper in probleem west. In oertsjûge oanhinger fan it Frânske bestjoer as Surlet de Chokier, waard yn 1816 sels opnaam yn de Nederlânske adel en yn 1831 de earste regint fan Belgje.

Foarmen fan kollaboraasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskate foarmen fan kollaboraasje wurde ûnderskieden; guon foarmen wurde slimmer fûn as oare. De grins tusken in aktive en passive opstelling wie net altyd dúdlik, en somtiden wie it ek min út te hâlden om net te kollaborearjen. Twongen waard men faak, en somtiden betsjutte dat dien krije of fêstsetten wurde at men wegere. As kollaboraasje waard beskôge:

  • It tekenjen fan in loyaliteitsferklearring;
  • It ferrieden fan ûnderdûkers of fersetsaktiviteiten, al as net betelle;
  • Yn in gefoelige posysje (boargemaster, steatssekretaris, plysjeman) meihelpe oan it útfieren fan maatregels fan de fijân;
  • Media dy't troch de fijân opleine sensuer tapasse en/of posityf berjochtsje oer de fijân;
  • Yn it fijanlike leger tsjinje;
  • (Boarger)ferset tsjin de eigen oerheid;
  • Ekonomyske kollaboraasje, sa as de ferkeap fan guod en it ferlienen fan ekonomyske tsjinsten oan de fijân en dêrfoar jild barre;
  • (Seksuele) ferhâldings mei fijanlike soldaten;
  • Frijwillich allerhanne tsjinsten oan de fijân ferliene.

Nederlân yn en nei de Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
SS-winposter

Kollaboraasje hat yn Nederland in protte foarmen kind. Hoewol't it gearwurkjen mei de fijân strafber wie, waard yn 1937 bepaald dat amtners ferplicht wiene om mei te wurkjen oan maatregels fan in besettende macht en die it Nederlânske amtnerapparaat dan ek yn de Twadde Wrâldkriich. Foar it útbrekken fan de kriich wie der yn Nederlân al de Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging (NSB) dy't nei de Dútske ynfal polityk mei Dútslân gearwurkjen gie. Oare politike organisaasjes fan kollaborateurs wienen it Swart Front en de Nederlânske Uny. Los dêrfan wie der noch grutskalige ekonomyske kollaboraasje. Yn 1940 waard it Nationaal Comité voor Economische Samenwerking oprjochte. Grutte dielen fan it Nederlânske bedriuwslibben wurken foar Dútske organisaasjes. Bedriuwen as Philips en DAF, mar ek de sintrale werkplaats fan de PTT hawwe foar de Dútsers arbeide. In aparte rol hawwe de Nederlânske Spoarwegen (NS) spile wat de deportaasje fan de Joadske Nederlanners oanbelanget. Dat hie sûnder har meiwurking fermoedlik op 'e non rûn. Yn 2005 hat de doetiidske direksje fan de NS hjirfoar har ûntskulgigings oanbean.

Op yndividueel nivo hawwe der tal fan foarmen fan kollaboraasje west. Dat giet fan oan it wurk gean yn Dútslân (faak twongen), of kollaboraasje yn in oerheidsfunksje, oant persoanen dy't harren hielendal frijwillich by de Dútskers oantsjinne hawwe as hânlanger, bygelyks foar it oppakken fan Joaden en ûnderdûkers. Fierders binne sa'n 20.000 Nederlanners by de Waffen-SS gien.

Nei de Twadde Wrâldkriich sette men útein mei suvering op grutte skaal, mar in protte âld-fersetsstriders waarden teloarsteld om't fral betreklik lytse oertrêdings en oertrêders oanpakt waarden. De direksjes fan kollaborearjende bedriuwen en de top fan it amtnerapparaat giene meast frijút.

Yn totaal binne 6806 Nederlanners feroardiele omdat hja yn it Dútske leger tsjinne hiene. Dan binne der noch 3283 persoanen feroardiele út reden fan helpferliening oan de fijân, en 1344 persoanen fanwegen ferried. Yn totaal binne der 140 deafonnissen útsprutsen.