iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Kartograaf
Kartografy - Wikipedy Springe nei ynhâld

Kartografy

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kartograaf)
In kaart fan Jeropa, makke troch Abraham Ortelius yn 1595.

Kartografy (fan it Grykske χάρτης, chartes, "papierblêd", en γράφειν, grafein, "skriuwe") is de wittenskip en technyk om geografyske, romtebûne ynformaasje op skaal ynsichtlik te meitsjen. Ienfâldiger sein: kartografy is it meitsjen fan kaarten en plattegrûnen. In beoefener fan 'e kartografy is in kartograaf. Yn 'e kartografy wurde kennis, wittenskip en technyk kombinearre mei estetika om in resultaat te krijen dat net inkeld sa sekuer mooglik is, mar ek sa moai mooglik. Kaarten as produkt fan kartografy wurde faak yn bondele foarm útjûn yn in atlas.

Omtinkens en swierrichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kartografy is in foarm fan kommunikaasje, dy't draait om it trochjaan fan geografyske kennis yn 'e foarm fan lânkaarten, plattegrûnen en oare kaarten, bygelyks seekaarten, stjerrekaarten en kaarten fan 'e moanne en oare himellichems. Foarhinne waarden sokke kaarten mei de hân tekene; tsjintwurdich wurde hast alle kaarten digitaal makke. Kaarten foarmje yn in geografysk ynformaasjesysteem (GYS), in essinsjeel ûnderdiel fan 'e rieplachtberens fan ynformaasje.

Fundamintele omtinkens en swierrichheden dêr't men yn 'e kartografy tradisjoneel mei te krijen hat, binne dizzen:

  • Alderearst moat men betinke wat men op in kaart werjaan wol. By in lânkaart kin it bygelyks gean om it reliëf fan it terrein, of om 'e steatkundige opdieling, of om 'e ynfrasktruktuer (wegen, spoarwegen, ensfh.).
  • Dan moat men betinke hoe't men it trije-diminsjonale ûnderwerp fan 'e kaart it bêste werjaan kin op in plat, twa-diminsjonaal oerflak. Dêrby moat men bgl. in kaartprojeksje kieze.
  • Op in kaart kin net alles werjûn wurde; dan soe it te drok wurde en kin net ien der mear wat út wiiswurde. As men de kaart begjint te tekenjen, moat men dêrom dingen fuortlitte dy't, oangeande it ûnderwerp dat men sjen litte wol, net relevant binne. Fierders moat men de dingen dy't men wol op 'e kaart opnimt, noch safolle mooglik yn kompleksiteit werombringe. Dat hiele proses hjit kartografyske generalisaasje.
  • Wat oerbliuwt, moat men dêrnei sa op 'e kaart opnimme dat de ynhâld it bêste it boadskip fan 'e kartograaf oan syn publyk oerbringt. Dat is in proses dat kaartûntwerp hjit.

Hoewol't 'kartografy' as begryp pas oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw yn gebrûk kommen is, waard it fansels al folle langer beoefene. Wat de âldste kaart is, foarmet ûnderwerp fan diskusje om't it begryp 'kaart' net botte goed definiëarre is. Mar in muorreskildering út 'e Anatoalyske stêd Çatal Hüyük, dy't wierskynlik in plattegrûn fan dyselde stêd is, datearret út it sânde milennium f.Kr. De âldste oerlevere lânkaarten yn 'e moderne sin fan it wurd komme út Babyloanje út 'e njoggende iuw f.Kr.

In Midsiuwske werjefte fan 'e wrâldkaart fan Klaudius Ptoleméus út 'e twadde iuw.

Yn 'e Klassike Aldheid skreau de Grykske histoarikus Strabo64 f.Kr.-19 n.Kr.) syn Geographika, in beskriuwing fan 'e wrâld ynsafier't dy doe bekend wie. Oan 'e hân fan dy beskriuwing kin in kaart tekene wurde sa't Strabo en syn tiidgenoaten de wrâld seagen. In foege iuw letter skreau Klaudius Ptoleméus (87-168) syn traktaat Geographia, dêr't er de âldst bekende wrâldkaart yn opnaam. Yn it âlde Sina, dat in kartografyske tradysje hie dy't los stie fan dy fan it Westen, geane de âldste kaarten tebek oant de fjirde iuw f.Kr. Yn 1092 publisearre de Sineeske wittenskipper Su Song de earste drukte (ynstee fan hântekene) kaart: net in lânkaart, mar in stjerrekaart.

Mei it begjin fan it tiidrek fan 'e grutte ûntdekkingsreizen, kaam yn 'e midden fan 'e fyftjinde iuw ek de ûntwikkeling fan 'e kartografy yn in streamfersnelling. Oant dy tiid wiene Westerske lânkaarten basearre op it wurk fan Ptoleméus, mar doe sette men dermei útein om sels ûndersyk te dwaan en fiere kusten en lannen yn kaart te bringen.

Kartografyske techniken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De meast algemien brûkte kartografyske technyk is de lânkaart. Dat is in modellearre werjefte fan it ierdoerflak mei de klam op it drûge lân, en net de see of oare oerflaktewetters. (As de klam op wetter leit, wurdt sprutsen fan in seekaart.) Lânkaarten binne almeast geografyske werjeften, mar it komt ek foar dat it om in skematyske werjefte giet. It ûnderwerp is ornaris topografysk, mar yn atlassen wurde meastal ek in tal tematyske kaarten opnommen. Sa kin men efteryn de Grote Bosatlas in hiele rige tematyske kaarten fan 'e wrâld fine, dêr't per lân (troch ynkleuring yn ferskillende kleuren) ynformaasje jûn wurdt oer bygelyks bertesifer, stjertesifer, libbensferwachting, enerzjyferbrûk, taal, godstsjinst, hichte fan it bruto nasjonaal produkt, politike gearwurking, ekonomyske gearwurking, sûnenssoarch en analfabetisme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.