iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Karinsje
Karinsje - Wikipedy Springe nei ynhâld

Karinsje

Ut Wikipedy
Karinsje
Kärnten (Dútsk) Koroška (Sloveensk)
Flagge Wapen
Lokaasje
Geografy
Soarte gebiet dielsteat (Bundesland)
Lân Eastenryk
Haadstêd Klagenfurt am Wörthersee
Oerflak 9.538,01 km²
Befolking
Ynwennertal 561.293 (2020)
Befolkingstichtens 59 / km²
Bûtenlanners 10,9% (2020)
Amtlike taal Dútsk en Sloveensk
Polityk
Landeshauptmann Peter Kaiser (SPÖ)
Regearjende partijen SPÖ, ÖVP
Ferdieling sitten yn
   dielsteatsparlemint

   (Landtag, 36 sitten)
SPÖ: 18
FPÖ: 9
ÖVP: 6
TK: 3
Lêste ferkiezings 4 maart 2018
Folgjende ferkiezings 2023
Sitten yn Federale Ried 4
Oar
Stifting 1919
Folksliet Kärntner Heimatlied
ISO 3166-2 AT-2
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Webside www.ktn.gv.at

Karinsje of Karintië (Dútsk: Kärnten, Sloveensk: Koroška) is in Eastenrykske dielsteat. De dielsteat is 9.538 km² grut en hat in ynwennertal fan 561.293 (2020). Karinsje leit yn it suden fan it lân. It grinzget oan de dielsteat Tirol (East-Tirol) yn it westen, Salzburg yn it noardwesten en Stiermarken yn it noardeasten. De súdwestlike grins wurdt foarme mei Itaalje en de súdeastlike mei Sloveenje.

De dielsteat Karinsje ûnstie yn 1919 nei de ûntbining fan Eastenryk-Hongarije. It Keninkryk Joegoslaavje makke oanspraak op it súdeasten fan it gebiet, dêr't in Sloveenske minderheid wennet. Oan de besetting fan in diel fan it gebiet kaam in ein nei't in folksstimming yn it gebiet dêr't om striden waard útwiisde dat in lytse 60% fan de befolking foar Eastenryk keas.

Haadstêd en grutste stêd fan Karinsje is Klagenfurt mei likernôch 101.300 ynwenners.

Heiligenblut mei de Grossglockner
Distrikten
Politike distrikten
resp. statutêre stêden
Kenteken Oerflak/km² Ynwennertal (2020) Oantal
gemeenten
wêrfan stêden wêrfan markdoarpen
Klagenfurt am Wörthersee K 120,11 101.300 1 1
Klagenfurt-Land KL 765,59 60.014 19 1 5
Feldkirchen FE 558,56 29.902 10 1
Hermagor HE 808,02 18.054 7 1 2
Sankt Veit SV 1493,67 54.186 20 4 9
Spittal SP 2763,99 75.868 33 3 10
Villach VI 134,89 62.882 1 1
Villach-Land VL 109,33 64.618 19 10
Völkermarkt VK 907,49 41.862 13 2 3
Wolfsberg WO 973,79 52.607 9 3 4
De tsien grutste plakken neffens ynwenners
Plak Distrikt Ynwennertal
Klagenfurt am Wörthersee K 101.300
Villach VI 62.882
Wolfsberg WO 25.025
Spittal an der Drau SP 15.300
Feldkirchen FE 14.270
Sankt Veit an der Glan SV 12.386
Völkermarkt VK 10.899
Sankt Andrä WO 9.873
Finkenstein am Faaker See VL 9.059
Velden am Wörther See VL 9.025
De tsien grutste gemeentes neffens oerflak
Plak Distrikt Oerflak yn km²
Wolfsberg WO 278,31
Malta SP 261,92
Metnitz SV 223,14
Krems yn Karinsje SP 207,14
Hermagor-Pressegger See HE 204,82
Eisenkappel-Vellach VK 199,13
Heiligenblut am Großglockner SP 193,53
Lesachtal HE 190,75
Kötschach-Mauthen HE 154,14
Reißeck SP 139,85
Dielsteaten fan Eastenryk
Burgenland Karinsje Neder-Eastenryk Opper-Eastenryk Salzburg Stiermarken Tiroal Vorarlberg Wenen
· · Berjocht bewurkje