Jamal-skiereilân
It Jamal-skiereiland (Russysk: полуостров Ямал, poloeostrov Jamal]) is in skiereilân yn it Russyske autonome distrikt Jamaalje (dat wer part fan it distrikt Jamalski is) yn Noardwest-Sibearje noardeastlik fan de Arktyske Oeral. It rint, mei in oerflak fan 120.000 km² (krekt grutter as Bulgarije), fanút it noardwestlike diel fan it West-Sibearysk Leechlân oer in lingte fan sa'n 700 kilometer nei de Karasee yn it westen en de Obboezem yn it easten en hat in trochsnee breedte fan 240 kilometer. Oan de noardkant leit it eilân Bely, dêr't it fan skieden wurdt troch de Malyginstrjitte. De beneaming "Jamal" komt út it Nenetsk en betsjut soksawat as "ein fan de wrâld". It is it meast noardwestlike part fan Aazje.
It skiereilân bestiet meast út permafrost en is mei in libbenstiid fan noch gjin 10.000 jier geologysk besjoen in jong gebiet. It gebiet waard troch gletsjers yn de lêste iistiden ôfflakke (de hichte rint fan 50 oant 84 meter) en wurdt oerhearske troch toendra. De temperatuer skommelt tusken -22 oant -26 °C yn jannewaris en tusken 4 oant 10 °C yn july. Mei in jierlikse delfal fan 240-250 millimeter it jier kin it beskôge wurde as in toendrasteppe. It noarden hat arktyske toendra, yn it sintrale diel mei moassen, koarstmoassen en strûktoendra en in sompich gebiet mei in protte markes (grutste: Jarroto, Jamboeto en Nejto) en rivieren (langste: Sjojacha, Joeribej en Charasavej) en yn it úterste suden begjint de gurdel fan de bosktoendra.
Befolking en ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De pleatslike befolking yn it tige tinbefolke gebiet binne de Nenetsen dy't der al fier foar de komst fan de Russen wennen. Lykas de Sjanten binne hja it hiele jier troch nomadyske rindierhâlders. De rindierfeehâlderij hjirre is de grutste fan Ruslân mei inkelde tûzenen harders en sa'n 500.000 bisten. Dizze wize fan libjen wurdt lykwols bedrige troch oerbeweiding en konkurrinsje fan de gasyndustrie, omdat Jamal ien fan de grutste ierdgasfoarieden fan Ruslân hat. Gasgigant Gazprom eksploitearret dizze fjilden en bringt it gas fia grutte piipliedingen (de JAMAL-Europalieding) nei de Europeeske merken. Op it skiereiland binne fierders ek grutte populaasjes trekfûgels.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Sintrum foar Arktyske Stúdzjes Yamal Culture