iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Habitat
Habitat - Wikipedy Springe nei ynhâld

Habitat

Ut Wikipedy

In habitat is de oantsjutting foar it spesifike plak dêr't in organisme foarkomt, om't de bioatyske en abioatyske faktoaren fan dat plak foldogge oan 'e easken en tolerânsjes dy't sa'n organisme steld om oerlibje, groeie en him fuortplantsje te kinnen. De term komt út it Latyn, wêryn't it "it bewennet" betsjut. In habitat moat net betize wurde mei de besibbe term biotoop, dat in grutter gebiet is mei in unifoarm lânskipstype dêr't beskate organismen bestean kinne. Yn ien biotoop komme dus ferskate habitats foar. Om in foarbyld te jaan: de reinwjirm komt û.m. foar yn it biotoop fan it wâld, dêr't de grûn syn habitat is. Mar ien habitat kin ek wer foarkomme yn ferskate biotopen, lykas by it tomke, dat syn habitat hat yn biotopen as it bosk, de dunen, de sompen en tunen yn stêd en doarp.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.