iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Grize_wolf
Wolf - Wikipedy Springe nei ynhâld

Wolf

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Grize wolf)
wolf
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje hûneftigen (Canidae)
skaai hûnen (Canis)
soarte
Canis lupus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     hjoeddeistich ferspriedingsgebiet
     histoarysk ferspriedingsgebiet (útstoarn)
Dizze side giet oer it hûneftige bist. Foar oare betsjuttings, sjoch: Wolf (betsjuttingsside).

De wolf (wittenskiplike namme: Canis lupus), ek wol grize wolf of gewoane wolf neamd ta ûnderskie fan oare soarten hûneftigen dy't 'wolf' hjitte, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en it skaai fan 'e hûnen (Canis). In wyfke wurdt in wolvinne neamd. Dit bist komt foar yn grutte dielen fan Jeraazje en Noard-Amearika, hoewol't syn histoaryske ferspriedingsgebiet noch folle grutter wie. Op in protte plakken is er troch de iuwen hinne útrûge troch de minske. Yn Fryslân is er yn 'e twadde helte fan 'e 2010-er jierren nei in ôfwêzichheid fan trijehûndert jier weromkeard. De wolf is in mânsk rôfdier en de grutste libbene soarte fan alle hûneftigen. Hy is lykwols nau genôch besibbe oan lytsere soarten út deselde famylje, lykas de goudjakhals (Canis aureus) en de prêrjewolf (Canis latrans), om mei harren fruchtbere krusings te produsearjen. Wolven binne behalven karnivoaren ek sosjale bisten dy't yn ridels libje. Se jeie mei-inoar en kinne dêrtroch proaien oan dy't folle grutter binne as sysels. Der binne fan 'e wolf mear as tritich wylde ûndersoarten. De hûn (Canis lupus familiaris) is de domestisearre ûndersoarte fan 'e wolf. Ek de dingo (Canis lupus dingo), de ferwyldere hûn fan Austraalje, is in ûndersoarte fan 'e wolf. De IUCN klassifisearret de wolf as net bedrige.

As wurd komt "wolf" etymologysk fan it Oergermaanske *wulfaz, dat sels wer tebek giet op 'e Proto-Yndo-Jeropeeske woartel *wĺ̥kʷos. It soe skoan kinne dat dyselde woartel ek de oarsprong foarmet fan 'e Latynske namme foar it bist, lupus, fia de tuskenfoarm *lúkʷos.

It skelet fan in wolf.

De wolf (Canis lupus) is in hûneftige, dy't heart ta tûke fan 'e echte hûnen (Canini) en dêrbinnen ta de ûndertûke fan 'e wolfeftigen (Canina). Ta dy groep wurde behalven de wolf ek bgl. de sealjakhals (C. mesomelas), de streekte jakhals (C. adustus) en de hyenahûn (C. pictus) rekkene. Binnen de wolfeftigen heart de wolf mei û.o. de Abessynske wolf (C. simensis), de goudjakhals (C. aureus), de prêrjewolf (C. latrans) en de útstoarne reuzewolf (C. dirus) ta it skaai fan 'e hûnen (Canis). De neiste sibbe fan 'e (grize) wolf is wierskynlik de reade wolf (C. rufus), al binne net alle saakkundigen it dermei iens dat dy in aparte soarte foarmet. De hûn (C. l. familiaris) en de dingo (C. l. dingo) fan Austraalje wurde ornaris as ûndersoarten fan 'e (grize) wolf beskôge.

De wolf ûntstie likernôch 1,1 miljoen jier lyn, doe't er him losmakke fan 'e prêrjewolf (C. latrans). De ôfstamming fan 'e wolf (Canis lupus), sa't wy dy hjoed oan 'e dei kenne, fan 'e eardere Etruskyske wolf (C. etruscus) en de Mosbachwolf (C. mosbachensis) is ûnder saakkundigen rûnom akseptearre. Genetysk ûndersyk hat útwiisd dat de hûn him 20.000 jier lyn fan 'e wylde wolf ôfspjalte.

In wolf yn in dieretún.

Algemien foarkommen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wolf is lânseigen yn it grutste part fan it Noardlik Healrûn, útsein Súdeast-Aazje, Midden-Amearika, it binnenlân fan it Arabysk Skiereilân, de Sahara yn Noard-Afrika en Afrika besuden de Sahara. Troch bejaging troch de minske is syn ferspriedingsgebiet sûnt de Midsiuwen lykwols gâns beheind. Sa komt er tsjintwurdich yn Noard-Afrika, Japan en op 'e Britske Eilannen hielendal net mear foar en hat er in fragmintarysk, fersnipele areaal op it fêstelân fan Jeropa en op it Yndysk subkontinint. Op it eilân Grut-Brittanje waard de lêste wolf yn 1684 deade en op it eilân Ierlân yn 1770. Yn Japan waard de lêste wolf yn 1905 deamakke. Yn Jeropa binne de grutste oaniensletten wengebieten fan 'e wolf te finen yn it Skandinavysk Heechlân fan Sweden en Noarwegen, it noardwesten fan it Ibearysk Skiereilân, de Apeninen fan Itaalje en de bercheftige kriten fan 'e Balkan.

In grut, oaniensletten areaal hat de wolf yn Finlân, it Baltikum, Jeropeesk Ruslân, Wyt-Ruslân, de Kaukasus, Sibearje, Sintraal-Aazje, Mongoalje, Koreä, it noarden, de midden en it westen fan Sina, de Himalaya, Iraan, Anatoalje en by de kusten fan it Arabysk Skiereilân lâns. Yn Noard-Amearika bestiet ek in grut oaniensletten ferspriedingsgebiet, dat Alaska en it meastepart fan Kanada en westlik en súdlik Grienlân omfiemet. Yn Kanada ûntbrekt de wolf inkeld op 'e Grutte Flakten fan Manitoba, Saskatchewan en Alberta, yn it suden fan Ontario en Kebek, yn 'e Kanadeeske Kustprovinsjes en op it eilân Nijfûnlân.

Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten wie de wolf oant fier yn 'e tweintichste iuw hielendal útrûge, mar sûnt de 1990-er jierren is er op eigen krêft út Kanada wei weromkeard yn 'e Rocky Mountains fan 'e Amerikaanske steat Montana. Yn 'e oanbuorjende steat Idaho en yn it Nasjonaal Park Yellowstone yn Wyoming, en ek yn 'e krite fan 'e Grutte Marren, yn it noarden fan 'e steaten Minnesota, Wiskonsin en Michigan, is de wolf troch reyntroduksje troch de minske werombrocht. Datselde jildt foar ferskate beskerme natoergebieten yn it Amerikaanske Súdwesten en teffens yn noardlik Meksiko, dêr't de wolf yn it wyld ek útstoarn wie.

Jongen fan 'e Ibearyske wolf slikje de bek fan harren mem om har te stimulearjen fleis op te koarjen.

Foarkommen yn Nederlân en Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 1800 hinne kaam de wolf yn Nederlân noch yn ridlik grutte oantallen foar, mar om't men it bist doedestiden as skealik ûngedierte seach, waard er geandewei de njoggentjinde iuw útrûge troch it fieren fan in opsetlike kampanje dêrta. Yn 1897 waard foar it lêst in wolf yn Nederlân waarnommen, by Heeze, yn Noard-Brabân, mar dat moat in ienlike swalker west hawwe, mei't der doe al ferskate desennia lang gjin ridels mear yn Nederlân fêstige wiene. It tinken is dat de lêste yn Nederlân fêstige wolf yn 1869 deade waard by Schinveld, yn Súd-Limburch.[1] Ek yn Belgje wie de wolf tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw útstoarn. Yn Noard-Nederlân wie dat al folle earder it gefal. De lêste wolf yn 'e provinsje Fryslân waard yn 1712 by Wolvegea deasketten.[2] Yn 1772 waard yn it súdeasten fan 'e Grinzer Ommelannen de lêste wolvejacht holden. Yn it oanbuorjende East-Fryslân, yn Dútslân, waard yn 1738 yn 'e omkriten fan Jever foar it lêst in wolf deasketten.[3]

Mear as hûndert jier lang wiene wolven yn 'e Benelúks inkeld yn dieretunen te sjen. Tsjin 'e ein fan 'e tweintichste iuw kaam der yn Nederlân in diskusje op gong oer de winsklikheid om 'e wolf te reyntrodusearjen yn 'e frije natoer. Dat late net ta aksje foar't de wolf oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw op eigen krêft weromkearde troch fersprieding út populaasjes út Dútslân wei. Fan 2010 ôf wiene der hieltyd faker meldings fan wolven yn Nederlân.

Yn 2011 waard der mei wissichheid in wolf sjoen by Duiven, yn Gelderlân.[4] Yn july 2013 waar by Luttelgeest, yn it Suderleech, in kadaver fûn wêrfan't Naturalis, it Nederlânsk Sintrum foar Bioferskaat yn Leien, letter fêststelde dat it yndie in wolf wie.[5] Neffens de earste berjochten wied er by Luttelgeest omkommen trochdat er oanriden wie troch in auto. Ut ûndersyk die lykwols bliken dat der yn 'e omkriten fan it plak dêr't it kadaver fûn wie, nearne printen fan wolvepoaten te finen wiene. Ek hie de wolf by syn dea (dielen fan) in bever yn 'e mage, dy't er krekt opfretten hie. Mei't bevers doe yn of deunby it Suderleech net foarkamen, hold Faunabehear Flevolân it derop dat de wolf yn Dútslân deariden wie en doe by wize fan grap by Luttelgeest dellein wie.[5][6][7] Yn 2015 doek der in jonge wolf yn Drinte op,[8][9] dy't neitiid ek troch Grinslân teach.[10][11][12] Op de A28 tusken Meppel en Hoogeveen waard yn 2017 in wolf deariden.[13] Yn Walloanje waarden yn 2011, bij Gedinne yn Namen, en yn 2016, by Masbourg yn 'e provinsje Lúksemburch, de earste wolven waarnommen. Yn jannewaris 2018 waard yn Flaanderen de earste wolf sinjalearre.[14]

Twa wolven frette in wytsturthart op.

Yn Fryslân waard op 14 april 2018 by Appelskea, yn it Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld, foar it earst in bist filme dat op in wolf liek. Dy nacht wiene earder by Boyl al trije skiep deabiten. Ut DNA-ûndersyk die bliken dat de wolf yn 2018 yndied werom wie yn Fryslân.[15] Yn it twadde wykein fan maaie waard ek in wolf by Bontebok sinjalearre; dyselde nacht wiene yn buordoarpen Langsweagen en De Knipe trije skiep deabiten, wat ek op it konto fan 'e wolf skreaun waard.[16] Omtrint dyselde tiid waard fêststeld dat de earste wolf him permanint yn it Drintsk-Fryske Wâld fêstige hie.[1] Yn desimber fan dat jier waard deselde fêststelling dien foar de Feluwe.[17] It wachtsjen wie doe op 'e foarming fan 'e earste ridel. Dat moat yn it foarjier fan 2019 bard wêze, mei't yn juny fan dat jier op 'e Feluwe trije wolvejongen te wrâld kamen, de earsten yn Nederlân yn hast oardel iuw.[18]

Yn desimber 2019 waard yn Fryslân foar it earst in wolf op byld fêstlein. Dat barde troch in kamera fan Natuermonuminten súdlik fan Bakkefean.[19] Ein maaie 2021 waard yn Fryslân foar it earst in wolf deariden, op 'e N381 by Appelskea, by de ôfslach nei de camping De Roggeberg. It gie om in jongfolwoeksen mantsje. Earder wiene der skiep by Ketlik, Jobbegea en De Fochtel deabiten. Ut DNA-ûndersyk die bliken dat de deariden wolf dêr ferantwurdlik foar wie.[20]

In lizzende wolf mei de grizere kleur fan wolven yn Noard-Amearika.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wolf is de grutste hûneftige, mei in spiersterk, streamline uterlik dat evoluëarre is om in toprôfdier te wêzen. De foar- en efterpoaten binne like lang, oars as by bgl. hyena's, sadat wolven in lykwichtich stal hawwe. De kop is grut en wurdt dominearre troch in sterk nei foarren ta útstykjende snút, dy't einiget yn in stompe swarte noas. De trijehoekige earen binne boppe-op 'e kop posisjonearre en binne mei in lingte fan 9–11 sm relatyf lyts yn ferhâlding ta de earen fan oare hûneftigen. De wolf ûnderskiedt him fierders fan syn sibben troch in bredere snút, in koartere romp en in langere sturt. De tosken fan in wolf binne grut en swier, en gaadlik foar it stikkenbiten fan bonken, hoewol't se dêr ek wer net sa foar spesjalisearre binne as it gebit bgl. fan in hyena.

De wolf hat trochinoar in kop-romplingte fan 105–160 sm, mei in sturtlingte fan 29–50 sm. De skofthichte is 80–85 sm en de efterpoaten mjitte 22–25 sm fan tean oant en mei hakke. It gewicht fan in wolf is yn trochsneed omtrint 40 kg, wêrby't oantekene wurde moat dat it lichtste folwoeksen eksimplaar ea woegen mar 12 kg wie, wylst it grutste eksimplaar in gewicht fan 79,4 kg hie. It gewicht fan 'e bisten nimt oer it algemien ta neigeraden dat se noardliker libje: yn Jeropa weagje wolven trochinoar 381/2 kg; yn Noard-Amearika 36 kg; en op it Arabysk Skiereilân en it Yndysk subkontinint 25 kg. Wolvinnen binne yn eltse populaasje yn trochsneed 21/3–41/2 kg lichter as de mantsjes. Wolven dy't mear as 54 kg weagje, binne seldsume útsûnderings, hoewol't fan sokken mear foarkomme yn Alaska en noardlik Kanada. Yn noardlik Sibearje binne ferskate útsûnderlik grutte mantsjes fan 69–79 kg registrearre.

In wolf yn 'e snie mei de brunere kleur fan wolven yn Jeraazje.

De pels fan 'e wolf bestiet út in tichte en pluzige laach koart ûnderhier, mei dêroerhinne in mear iepene laach rûge langere hierren. It meastepart fan it ûnderhier, dat bedoeld is om it bist winterdeis waarm te hâlden, rekket er by 't maitiid by it ferhierjen kwyt en groeit hjerstmis, by it ynsetten fan kâldere temperatueren. wer oan. Wolvepelzen binne sa waarm, dat wolven har noflik op 'e iepen romte deljaan kinne by temperatueren fan –40 °C. Dêrfoar moatte se de minder begroeide snút en de keale noas dan wol tusken de efterpoaten stopje en bedekke mei de sturt. De kleur fan wolven rint útinoar; ornaris hawwe se hierren dy't wyt, griis, brún en swart binne, mei as gefolch dat se wat fan al dy kleuren hawwe. Op 'e rêch, de siden en de boppekant fan kop en sturt hat it hier dûnkerdere kleuren as op 'e bealch, de kiel, de ûnderkant fan 'e sturt en faak ek de poaten.

Yn Noard-Amearika binne wolven oer it algemien griis mei in wyt of witich ûnderlichem, útsein yn it Noardpoalgebiet, dêr't se hielendal wyt binne by wize fan kamûflaazje yn 'e snie. Yn Jeraazje binne wolven oer it algemien ljochtbrún of roastbrún mei in ljochtgriis ûnderlichem. Yn Noard-Amearika binne wolvinnen ornaris wat bruner as mantsjes; yn Jeraazje bestiet sokke seksuele dimorfy net. Der komme ek eksimplaren foar dy't hielendal swart binne, mar dy wurde ornaris wat skoudere troch oare wolven en beklaaie in lege rang yn 'e ridel, of it moat wêze dat se sels in nije ridel begûn binne.

Yndyske wolven yn 'e Mysore Zoo yn Mysore.

Wolven binne bisten dy't har goed oanpasse kinne. Se komme sadwaande fan natuere foar yn in grut ferskaat oan biotopen: nullewâld, mingd wâld, leafwâld, healiepen romte mei strewelleguod, iepen flakte, greidlân, berchtme, moeras, steppe, toendra en woastyn. Yn 'e bergen libje se oant in hichte fan 3.000 m. Op in protte plakken binne se lykwols troch de minske útrûge of ferdreaun, sadat harren ferspriedingsgebiet tsjintwurdich foar in grut diel beheind is ta wylderniskriten en ôfhandige gebieten.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wolven binne sosjale bisten, dy't fan natuere yn groepen libje dy't ridels hjitte. Solitêr libjende wolven komme ek foar, mar ornaris binne dy mar tydlik allinnich, wannear't se de ridel fan har berte ferlitte om har by in oare ridel te jaan of om in eigen ridel te stiftsjen. De oandriuw om by de ridel fan har berte wei te gean is in evolúsjonêre oanpassing om yntylt foar te kommen. Ridels besteane yn Jeropa yn trochsneed út 5 of 6 leden, en yn Noard-Amearika út 8 leden. Utsûnderlik grutte ridels fan oant wol 42 bisten binne tige seldsum, mar komme wol foar, benammen yn útstrutsen wyldernisgebieten dêr't proai by 't folop libbet. De kearn fan 'e ridel wurdt altyd foarme troch it liederspear, de alfawolf en de alfawolvinne, dy't hast altyd de iennichsten binne dy't har fuortplantsje meie. De rest fan 'e ridel bestiet faak út healwoeksen eksimplaren en jongen, mar soms ek út folwoeksen bisten dy't leger yn rang binne as it alfapear.

In ridel wolven yn it Dierenrijk by Mierlo.

Mei't wolven tige territoriaal binne, fêstigje ridels har eigen territoarium, dat yn 'e regel grutter is as foar de ridel nedich is om te oerlibjen. De grutte fan it territoarium hinget ôf fan 'e hoemannichte proaidieren dy't der libje. It lytste wolveterritoarium dat ea registrearre is, wie yn 'e Amerikaanske steat Minnesota en besloech 33 km²; it grutste, yn Alaska, hie in oerflak fan 6.272 km². Binnen it territoarium is de wolveridel nomadysk, útsein as der krekt in nêst jongen smiten is. Op in dei bereizgje wolven yn trochsneed 9% fan har territoarium. De midden fan it territoarium wurdt folle swierder bereizge en bejage as de rânen. Om konflikten mei oanbuorjende ridels foar te kommen, jeie wolven nammentlik mar komselden oan 'e bûtenrânen fan har territoarium. Dat betsjut dat de proaitichtens oan 'e rânen fan territoaria folle heger is as yn 'e midden.

Kommunikaasje giet mank wolven troch fokalisaasjes, lichemshâldings, rook, smaak en op 'e taast. Fokalisaasjes by wolven kin grânzgjen, byljen en piipjen ynhâlde. Grânzgjen is in utering fan agresje, wylst piipjen of janken in teken fan ûnderdienigens (of pine) is. Byljen of blaffen dogge wolven net sa faak as hûnen; it wurdt almeast brûkt as in alaarmrop oer de koarte ôfstân ta teken fan gefaar en wurdt dan mar ien kear of twaris efterinoar dien. De bekendste fokalisaasje fan 'e wolf is spûkgûlen. Dat is in lûd jammerjend gûlen dat fuortbrocht wurdt mei de snút omheech rjochte. Oars as faak sein wurdt, spûkgûle wolven net nei de moanne. Likemin is spûkgûlen beheind ta in nachtlike aktiviteit. Wolven spûkgûle om trije redens. Yn it foarste plak wurdt it dien om oer gruttere ôfstannen oan oare wolven harren posysje troch te jaan, bygelyks as it stoarmet of by oare foarmen fan min waar, of as se har op ûnbekend terrein bejouwe. Oard kinne sa de leden fan in ridel gearroppen wurde wannear't se oer it territoarium fersille binne. En trêd kin spûkgûlen in alaarmrop wêze, yn 't bysûnder yn it gefal fan ûnrie by de hoale mei de jongen. Under optimale omstannichheden kin it spûkgûlen fan wolven heard wurde oer in gebiet fan 130 km².

In spûkgûlende wolf.

De wolf hat in tige goede noas en brûkt it ôfsetten fan geurflaggen om duorsume boadskippen oer te bringen, bgl. troch it territoarium ôf te setten mei urine. Kommunikaasje fia smaak bart troch inoar te slikjen. By lichemshâldings spylje de posysje fan 'e sturt, de earen en de kop in grutte rol. Agressive of assertive wolven bewege har stadich en betochtsum, wylst ûnderdienige bisten rimpen bewege, yninoar krimpe en it lichem en de kop deunby de grûn hâlde. In sturt dy't omheech holden wurdt, jout selsfertrouwen en dominânsje oan; in sturt tusken de efterpoaten wiist op ûnderdienigens. Earen dy't rjochtop steane, jouwe dominânsje of nijsgjirrigens oan, wylst it platlizzen fan 'e earen in teken fan agresje is, yn 't bysûnder as it mank giet mei it oplûken fan 'e lippen om 'e tosken sjen te litten. Wyspelsturtsjen jout in goed sin oan.

Wolven binne monogame bisten mei pearfoarming foar it libben. As ien fan in pear omkomt, giet de oerlibjende partner lykwols ornaris gau in bân oan mei in oare wolf. Yn it wyld komt by wolven gjin yntylt foar as it mooglik is om oare partners te finen. Wolvinnen kinne elts jier ferskate nêsten jongen smite, mar oft se dat ek dogge, hinget ôf fan ferskate faktoaren, lykas de foarriedichheid fan proaien, de waarsomstannichheden en de grutte fan it territoarium. Oer it algemien is ien nêst jongen jiers it gemiddelde.

De pearing fan wolven.

Wannear't de peartiid falt, ferskilt foar de wolf fan gebiet ta gebiet. Yn Skandinaavje, bygelyks, rint it fan febrewaris oant april. De wolvinne wurdt loopsk, wêrnei't in pearing folget. Dêrby set de penis fan it mantsje op, sadat dy fêst komt te sitten yn 'e fagina fan it wyfke. Dat kin 5–35 minuten duorje, en is in evolúsjonêr ferskynsel om befruchting wierskynliker te meitsjen: troch dat der in "stop" yn 'e útgong fan 'e fagina sit, kin it sperma der net direkt wer útrinne. De draachtiid duorret by wolven 62–75 dagen. Yn dy tiid siket of graaft de wolvinne in hoale foar de befalling. Sa'n hoale kin in natuerlik ferskynsel wêze, lykas in lytseftige grot of in spjalt tusken rotsblokken, mar ek in eigengroeven tunnel mei in rûne keamer oan 'e ein, bgl. ûnder de woartels fan in beam of yn in steile wâl fan in beek of rivier. Ek is it mooglik dat wolven in al besteande hoale oernimme fan lytsere bisten, lykas foksen, dassen of marmotten. Yn elts gefal leit in wolvehoale ornaris net fierder as 500 m fan in boarne fan drinkwetter ôf.

De wolvinne smyt har jongen earne yn 'e perioade fan april oant juny, mar op 'e toendra fan it poalgebiet oan it begjin fan 'e simmer. By jongere wyfkes bestiet in smeet trochinoar út 4–5 jongen, wylst âldere wyfkes 6–8 jongen te wrâld bringe. Oars as guon nau besibbe soarten, lykas de prêrjewolf (Canis latrans), berikt de wolf nea reproduktive ferâldering. Utsûnderlik grutte smeten kinne wol út 14 jongen bestean. Dy fertoane fan uterlik in opfallende likenis oan jonghûntsjes fan 'e Dútske hardershûn. Se wurde blyn, dôf en toskleas berne, mar al wol behierre mei dûnzich grizich brún hier. De wolfkes weagje by de berte 300–500 g.

In wolf yn it Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali, yn Alaska, mei de efterpoat fan in rindier yn 'e bek.

De mem bliuwt de earst wiken by har jongen yn 'e hoale en wurdt fuorre troch it alfamantsje en de rest fan 'e ridel, dy't fleis fan ferslynde proaien foar har opkoarje. Mei 12 dagen geane by de jongen de eachjes iepen en mei likernôch 30 dagen komme de toskjes troch. Mei 20 dagen ferlitte se foar it earst de hoale en komme se yn 'e kunde mei rest fan 'e ridel, dy't oant dy tiid troch it alfawyfke soarchfâldich by de jongen wei holden is. Sa'n 45 dagen nei de berte binne de jongen fluch en ferstannich genôch om foar gefaar te flechtsjen. As se 3–4 wiken âld binne, begjinne wolvejongen foar it earst fêst iten te fretten, dat bestiet út opkoarre fleis fan proaien dat de oare leden fan 'e ridel yn har mage mei weromdrage nei de hoale. Om dyselde tiid hinne begjinne de jongen mei-inoar te stoeien, wat behalven boartsjen ek in learproses is foar letter. Tsjin 'e tiid dat de hjerst ynfalt, binne de jongen folwoeksen genôch om mei de rest fan 'e ridel by de hoale wei te gean en mei te dwaan oan 'e jacht op grutte proaien. Wolven binne mei twa jier folwoeksen en mei trije jier geslachtsryp.

Wolven binne karnivoaren, dy't as groepsdieren yn ridelferbân jeie. Harren foarnaamste proaien binne hoefdieren. Yn Jeraazje steane de ree (Capreolus capreolus), it reahart (Cervus elaphus), de deim (Dama dama), de eland (Alces alces) en it everswyn (Sus scrofa) op it menu, en yn it hege noarden ek it rindier (Rangifer tarandus). Yn Noard-Amearika treft predaasje troch de wolf benammen de eland, it rindier, de wapity (Cervus canadensis), it wytsturthart (Odocoileus virginianus), it mûldierhart (Odocoileus hemionus) en de gaffelantilope (Antilocapra americana). Soms witte se ek in Amerikaanske bizon (Bison bison) of in mustang (Equus ferus caballus) te oermasterjen. Ek domestisearre bisten, lykas skiep (Ovis aries), geiten (Capra aegagrus hircus) en kij (Bos taurus domesticus) wurde gauris it slachtoffer fan wolve-oanfallen.

In ridel wolven sit efter in wapitybok oan.

Wolven binne lykwols gjin sinnige iters, en as se allinnich binne, kinne se boppedat de gruttere hoefdieren net oan. Se falle dan werom op lytsere proaien, lykas hazze-eftigen, kjifdieren, ynsekte-iters en wetterfûgels. By hazze-eftigen kin men tinken oan 'e hazze (Lepus europaeus), wylde knyn (Oryctolagus cuniculus), Amerikaanske hazze (Lepus americanus) en poalhazze (Lepus arcticus). By kjifdieren giet it om ferskate soarten mûzen, rotten, wrotmûzen, grûniikhoarntsjes, goffers, mûsgoffers en prêrjehûnen, by ynsekte-iters om pipermûzen en mollen, en by wetterfûgel bgl. om einen en guozzen. Ek snippe wolven wol lytsere rôfdieren, lykas de murd (Mustela putorius), stienmurd (Martes foina), beamotter (Martes martes), Amerikaanske marter (Martes americana) en ferskate soarten otters. Yn Noard-Amearika frette guon wolven by de jierlikse salmtrek ek salmen. Lytsere hûneftigen, lykas de foks (Vulpes vulpes), de poalfoks (Vulpes lagopus), de goudjakhals (Canis aureus) of de prêrjewolf (Canis latrans) wurde ek gauris deade troch wolven, mar dy wurde mar komselden opfretten. Yn sokke gefallen giet it om it útskeakeljen fan konkurrinten ynstee fan om jacht op proaidieren.

As der om hokfoar reden dan ek krapte oan fretten bestiet, skamje wolven har net om te jeien op hagedissen, slangen, kikkerts, fisken en sels gruttere ynsekten. Ek ies litte se yn sokke tiden net lizze. Soms komt ûnder sokke omstannichheden ek kannibalisme foar fan ferswakke wolven troch soartgenoaten. Yn dielen fan Jeraazje mei in grutte minsklike befolking frette wolven gauris ôffal. Hoewol't se bekensteane as karnivoaren, ite wolven ek fruchten, lykas apels, parren, figen en beien. Se ite ek wol gers, en hoewol't dat mooglik yn seldsume gefallen mei ynname fan missende fitaminen te krijen hawwe kin, sil it yn 'e measte gefallen dien wurde om koarjen op te wekjen, sadat de wolf him ûntdwaan kin fan parasiten yn syn yngewant of fan hier yn 'e mage.

In wolf, in grizzlybear, inkele prêrjewolven en in swaarm ravens hawwe it allegearre foarsjoen op itselde kadaver.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De iennichste serieuze natuerlike fijân fan 'e wolf is de minske. De brune bear (Ursus arctos) en yn hiel seldsume gefallen de iisbear (Ursus maritimus) binne de iennichste bisten dy't it om in deade proai of in stik ies tsjin in ridel wolven opnimme kinne mei in goede kâns om te winnen. Fral mei de brune bear ûnderhâldt de wolf in fijannige relaasje, mei't de beide soarten inoars jongen deadzje as se dêr de kâns ta krije. De Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), in oare bearesoarte dy't yn Noard-Amearika foarkomt, is lytser as de brune bear en hat minder kâns om it fan in ridel wolven te winnen. Omreden fan ferskil yn habitat komme konfrontaasjes tusken wolven en Amerikaanske swarte bearen ek folle minder foar as konfrontaasjes tusken wolven en brune bearen. In oar bist dat net foar ienlike wolven oan 'e kant giet, is de warch (Gulo gulo), de grutste martereftige. Dy kin lykwols net tsjin in hiele ridel op. Soms deadzje wolven wargen, mar net as der yn 'e neite in beam is dêr't de warch yn klimme kin, mei't wolven net klimme kinne. Wolven en kateftigen, lykas de Jeraziatyske lynks (Lynx lynx), de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), de reade lynks (Lynx rufus), de poema (Puma concolor), de panter (Panthera pardus) en de tiger (Panthera tigra) mije inoar ornaris mei opsetsin.

De wolf hat de IUCN-status fan "net bedrige". Hoewol't syn hjoeddeistige ferspriedingsgebiet gâns lytser is as it diel fan 'e wrâld dêr't er histoarysk libbe, komt er dochs noch rûnom foar en is syn populaasje stabyl of groeiende. De wrâldwide populaasje fan 'e wolf waard yn 2003 op 300.000 eksimplaren rûsd. De wolf is opnommen yn Taheakke II fan 'e Konvinsje oangeande Ynternasjonale Hannel yn Bedrige Soarten Wylde Floara en Fauna (CITES), wat betsjut dat de ynternasjonale hannel (lichemsdielen lykas pelzen en tosken ynbegrepen) oan bannen lein is. De wolvepopulaasjes yn Bûtan, Yndia, Nepal en Pakistan binne opnommen yn Taheakke I, wat ynternasjonale hannel hielendal ferbiedt. Om't de populaasje dêre troch syn beheindens it risiko op yntylt rint, wurde de wolven yn Skandinaavje as bedrige klassifisearre.[21] Neffens it Sweedske Rôfdiersintrum soene der yn 2008 mar sa'n 180 wolven yn Sweden en Noarwegen libbe hawwe.

In ridel wolven besingelet in Amerikaanske bizon.

Yn Jeropa (Ruslân, de Oekraïne en Wyt-Ruslân net meirekkene) kamen yn 2019 17.000 wolven foar, ferspraat oer 28 ûnderskate lannen en territoaria. Sûnt likernôch 1980 nimt it tal wolven yn Jeropa stadichoan wer ta. Dat is bgl. it gefal yn Spanje, Poalen, Tsjechje, Slowakije, Sloveenje en Kroaasje. De útwreiding fan it ferspriedingsgebiet út Poalen en Tsjechje wei fia Dútslân nei de Benelúks is dêr in útfloeisel fan. Ek yn lannen as Frankryk en Switserlân is de wolf weromkommen. Yn Dútslân is de wolf weromkeard yn 'e oan Nederlân grinzgjende dielsteaten Noardryn-Westfalen en Nedersaksen. (Yn 2011 wiene de wolven yn Dútslân noch konsintrearre yn 11 ridels yn 'e eardere DDR.) Yn 2012 waard ek foar it earst in wolf sinjalearre yn Denemark.

Anno 2016 libben der 4.000 wolven op 'e Balkan, 3.500–3.900 yn 'e Karpaten, 800–1.100 yn Poalen en Dútslân, 1.700–2.200 yn 'e Baltyske lannen, Finlân en Russysk-Kareelje, 430 yn it Skandinavysk Heechlân fan Sweden en Noarwegen (benammen yn Värmland, Dalarna en Gävleborg), 1.100–2.400 yn 'e Apeninen yn 'e Lears fan Itaalje en sa'n 2.500 op it Ibearysk Skiereilân (benammen yn Galysje, Astuerje, Kantaabrje en Kastylje en Leön). Yn Ruslân (Sibearje ynbegrepen) waard it tal wolven yn 2016 rûsd op wol 45.000. Dêr wurdt it bist noch altyd as skealik ûngedierte beskôge en ek as sadanich bestriden. Jiers wurdt sa'n 20–30% fan 'e Russyske wolvepopulaasje deade, mar de populaasje liket dêr net fan te belúnjen.

In seldsume Meksikaanske wolf útset yn it Nasjonaal Faunareservaat Sevilleta yn Nij-Meksiko as diel fan in reyntroduksje yn it wyld fan 'e frijwol útstoarne ûndersoarte.

Yn Sintraal-Aazje bestie de wolvepopulaasje yn Kazachstan yn 2016 út 20.000 bisten en dy yn Mongoalje út nochris 10.000–20.000. Yn Sina libben doe yn Sinkiang-Oeigoerje 10.000 wolven, yn Tibet 2.000 en yn Mantsjoerije sa'n 1.000. Histoarysk binne wolven slim bejage yn Sina, mar sûnt 1998 hawwe se dêr in beskerme status. Anno 2019 waard de wolvepopulaasje yn Yndia rûsd op 2.000–3.000 eksimplaren. De wolf is dêr al sûnt 1972 in beskerme bistesoarte. Yn it Midden-Easten, dêr't neffens in skatting út 2019 1.000–2.000 wolven foarkamen, hat de wolf inkeld yn Israel (sûnt 1954) en Omaan in beskerme status. Fan 'e Midden-Eastlike populaasje libje 300–600 bisten op it Arabysk Skiereilân. Yn Turkije (benammen Lyts-Aazje) kamen neffens in skatting út 2013 sa'n 7.000 wolven foar, en yn Georgje, neffens in skatting út 2016, nochris 1.500.

Yn Noard-Amearika bestiet de populaasje yn Kanada út 50.000–60.000 wolven, wêrmei't dat lân it swiertepunt fan 'e wrâldwide wolvepopulaasje foarmet. Under de Kanadeeske wet stiet it ynwenners fan lânseigen komôf (Yndianen, Inûyt en Mety) frij om 'e wolf sûnder beheinings te bejeien, mar alle oaren moatte dêrfoar in fergunning oanfreegje. Elts jier wurde der yn Kanada likernôch 4.000 wolven deade. Yn nasjonale parken yn Kanada mei de wolf lykwols nea en troch nimmen bejage wurde. Yn Alaska komme sa'n 7.000–11.000 wolven foar op likernôch 85% fan it grûngebiet fan dy Amerikaanske steat. Foar de jacht op wolven is dêr altyd in fergunning nedich. Elts jier wurde yn Alaska omtrint 1.200 wolven deade sûnder dat de populaasje dêrtroch belunet. Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten libje yn 'e noardlike Rocky Mountains 3.000 eksimplaren en it westen fan 'e krite fan 'e Grutte Marren 4.000. Yn it Amerikaanske Súdwesten en yn noardlik Meksiko libje nei de reyntroduksje fan 'e yn it wyld útstoarne Meksikaanske wolf anno 2023 ek wer 200 eksimplaren yn it wyld.

In wolf yn 'e Italjaanske Apeninen.

Wolven en minsken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Konkurrinsje, domestikaasje en bestriding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de minske ûnderhâldt de wolf in problematyske relaasje. Yn 'e prehistoarje wiene de beide soarten konkurrinten, mei't se beide op deselde soarten proai jagen. Yn dyselde tiid seagen de minsken lykwols ek de foardielen yn, dy't de skerpere sintugen, it úthâldingsfermogen en de lichemskrêft fan 'e wolf beaën. Dy foardielen wisten se har ta te eigenjen troch de domestikaasje fan 'e wolf ta wat meitiid de hûn (Canis lupus familiaris) wurde soe. Troch syn assosjaasje mei de minske is de hûn fierwei de súksesfolste ûndersoarte fan 'e wolf, hoewol't er dêrfoar syn wyldheid opjaan moast. Krusings tusken wolven en hûnen, dy't wolfshûnen neamd wurde, ervje yn 'e regel de wyldheid fan 'e wolf wer oer en binne net feilich foar omgong mei de minske.

Konflikten tusken minsken en wylde wolven boazen letter yn 'e wrâldskiednis oan nei't de minske úteinset wie mei feehâlderij. Domestisearre soarten fee foarmje in folle makliker proai foar wolven as wylde bisten fanwegen har oanhâldende ôfhinklikheid fan beskerming troch de minske. It giet yn sokke gefallen yn it foarste plak om lytsfee lykas skiep en geiten, mar ek om keallen, fôlen en oare jongen fan gruttere soarten fee. Ridels kinne ek folwoeksen kij oanfalle. Oare domestisearre bistesoarten dy't gauris it slachtoffer binne fan oanfallen troch wolven, binne rindieren (yn Skandinaavje, noardlik Ruslân en Sibearje), hynders (yn Mongoalje) en kalkoenen (yn Noard-Amearika). Ek hûnen wurde út en troch ris troch wolven deade, mar dêrby giet it net om 'e jacht op in proai, mar om 'e útskeakeling fan in konkurrearjend rôfdier, sa't wolven dat ek dogge mei bgl. prêrjewolven en jakhalzen.

Troch de oanfallen op har fee begûnen feehâlders wolven as skealik ûngedierte te sjen, dat bestriden wurde moast. Noch wer letter, yn 'e Midsiuwen, bejagen wolven jachtwyld dat eallju as har eigendom beskôgen, dat sysels as iennichsten bejeie mochten. Dêrtroch boaze it minne imago fan 'e wolf by minsken noch helte fierder oan. Sûnt de Lette Midsiuwen fûnen der sadwaande kampanjes plak om 'e wolf opsetlik út te rûgjen. It is net maklik om sa'n wach bist as de wolf mei súkses te bejeien, mei't er de jagers ornaris al fan fierrens oankommen heart en him út 'e fuotten makket. Jachthûnen meitsje wolven oer it algemien koarte metten mei, of it moat wêze dat de hûnen in oerweldigjende nûmerike mearderheid hawwe. Histoarysk hawwe minsken wolven bejage troch it ynsetten fan in kombinaasje fan jachthûnen, bloedhûnen en terriërs; troch it deadzjen fan wolvejongen foar't se bûten de hoale oerlibje kinne; troch wolven te fangen yn strûpen; en troch se te fergiftigjen mei strychnine. Guon jagers kinne wolven nei har ta lokje troch har spûkgûlen nei te bearen. Yn Kazachstan en Mongoalje wurde by de wolvejacht tradisjoneel nuete earnen en falken ynset.

In achttjinde-iuwske artistike werjefte fan it Bist fan Gévaudan.

Oanfallen fan wolven op minsken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eangst om oanfallen te wurden troch wolven binne in protte minsklike kultueren fan trochdrinzge, ek al heart de minske as soarte net ta de natuerlike proaien fan 'e wolf. Hoe't wolven reägearje as se yn kontakt komme mei minsken, hinget fierhinne ôf fan harren eardere ûnderfinings mei minsken. Wolven dy't noch nea minsken tsjinkommen binne, gjin negative ûnderfinings mei minsken hawwe of earder alris troch minsken fuorre binne, fertoane faak net de minste skrutenens as se mei in minske konfrontearre wurde. Dat is net itselde as dat se minsken oanfalle soene, wat mar komselden foarkomt. Sels as wolven troch minsken (bewust of ûnbewust) tenei kommen wurde en har yn it nau dreaun fiele, en dêrtroch agressyf reägearje, bliuwt de út sok hâlden en dragen fuortkommende oanfal yn 'e regel beheind ta in flugge byt yn in earm of in skonk. Wannear't de minsken dêrnei tebekwike, sil de oanfal ornaris net trochset wurde.

Echte trochsette, ûnprovosearre oanfallen fan wolven op minsken wurde yn 'e regel feroarsake troch ien fan twa dingen: òf de wolf is bûten himsels om't er oanhelle is mei hûnsmâlens (rabiës), òf der hat in lange perioade plakfûn wêryn't de wolf fertroud rekke is mei minsken en harren begûn is te assosjearjen mei fretten, bgl. as in wolf oer langere tiid fuorre is. By oanfallen wurdt it slachtoffer yn 'e regel ferskate kearen yn 'e holle en it gesicht biten en dan fuortsleept om op in stil plakje troch de wolf opfretten te wurden. De wolf sil syn proai dan inkeld efterlitte as er fersteurd wurdt troch oare minsken. As it om in hûnsmâle wolf giet, wurdt de oanfal berne út 'e razernij dy't de sykte opropt en is it mar de fraach oft de minsken nei de oanfal ek wier troch de wolf opfretten wurdt. Wolfen binne gjin primêre dragers fan it rabiësfirus, mar kinne ynfektearre wurde troch oare bisten, lykas hûnen, jakhalzen en foksen. Yn West-Jeropa en Noard-Amearika binne oanfallen troch hûnsmâle wolven tige seldsum, mar op 'e Balkan en yn Lyts-Aazje, it Midden-Easten en Sintraal-Aazje komme se geregeldwei foar.

Oanfallen troch wolven dy't gjin hûnsmâlens ûnder de lea hawwe, komme it hiele jier rûn foar, mar fine faak plak by 't simmer en oan it begjin fan 'e hjerst, as minsken harren fee weidzje en de wâlden yntsjogge om beien te plôkjen en poddestuollen te sykjen. De kâns dat se wolven tsjinkomme, nimt troch sokke aktiviteiten fansels yn hege mjitte ta. Oanfallen fan sûne wolven by 't winter binne bekend út Wyt-Ruslân en de Oekraïne en út 'e provinsjes Kirov en Irkûtsk en de autonome republyk Kareelje yn Ruslân. Sokke oanfallen kinne dermei te krijen hawwe dat wolven dy't bûten it gewoane seizoen om jongen krije, dan bot om fretten ferlegen sitte. De measten fan sokke oanfallen fine plak op bern, en yn 'e seldsume gefallen dat in folwoeksene it slachtoffer is, giet it suver altyd om in frou. Sokke oanfallen bliuwe as útsûnderings beheind ta pleatslike skaal, mar geane troch oant de wolf dy't se útfiert, deade wurdt. Ien fan 'e bekendsten fan sokke minskesliners wie it Bist fan Gévaudan, dat fan 1764 oant 1767 de doetiidske Frânske provinsje Gévaudan (it hjoeddeiske departemint Lozère) terrorisearre. (Sjoch hjirre foar mear oer minskeslinende wolven.)

De Kapitolynske Wolf, in stânbyld yn 'e Rome dat ferwiist nei de myte oer Romulus en Remus en de stifting fan 'e stêd.

Wolven yn minsklike mytologyen en folkloare

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wolf komt foar yn 'e mytology fan in protte minsklike kultueren. Sa assosjearren de Alde Griken de wolf mei Apollo, de god fan 'e muzyk, poëzij, keunst en wittenskip. By de Romeinen wie de wolf ferbûn mei Mars, de god fan 'e oarloch. De mytyske stifters fan Rome, de bruorren Romulus en Remus, dronken tatemolke by in wolvinne nei't se yn 'e wyldernis efterlitten wiene om te stjerren. Yn 'e Noardske mytology fan Skandinaavje spilet de meunsterlike wolf Fenrir in foaroansteande rol as ien fan 'e wichtichste personifikaasjes fan 'e gaos dy't de wrâld bedriget. Neffens ien myte hat hy de hân fan 'e god Týr ôfbiten en neffens de foarsizzing foar de einstriid Ragnarök sil er dêrby de god Odin deadzje om dêrnei sels deade te wurden troch Odin syn soan Viðarr. Odin sels wurdt yn 'e Noardske myten oan ien wei troch beselskippe troch in pear wolven dy't Geri en Freki hjitte.

Yn 'e Sineeske astronomy stiet de wolf symboal foar de stjer Sirius en bewekket er de himelpoarte. Yn 'e Sineeske kultuer waard de wolf tradisjoneel assosjearre mei ynklauwerigens en wreedheid. Sadwaande waarden yn it Sineesk metafoaryske ferwizings nei de wolf foarhinne brûkt om negative foarmen fan hâlden en dragen oan te jaan, lykas wreedheid (immen mei in "wolvehert") en wantrouwen (immen "oansjen as in wolf"). Yn it hindoeïsme en it dêrút fuortkommen boedisme is de wolf it ryddier fan goaden dy't beskerming biede. Hindoes sjogge de wolf fierders as it symboal fan 'e nacht, wêroan't de kwartel, dy't de dei fertsjintwurdiget, sjen moat te ûntkommen.

Yn 'e skeppingsmyte fan 'e Pâny (Pawnee), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, is de wolf it earste bist dat skepen wurdt. Hy wurdt deade troch de earste minsken, dy't dêrfoar bestraft wurde mei it ferlies fan harren ûnstjerlikens en de yntroduksje fan 'e dea. Krekt as foar de Sinezen is Sirius foar de Pâny de Wolvestjer, en syn ferdwinen en wer ferskinen symbolisearret foar harren de oerstappen fan 'e wolf nei de geastewrâld en wer werom. De Molkewei wurdt sawol troch de Pâny as troch in oar Flaktefolk, de Swartfuotten (Blackfeet), it "Wolvepaad" neamd.

In yllustraasje fan Gustave Doré by it mearke Readkapke.

It idee dat minsken fan stal feroarje kinne om wolven te wurden, en wolven om minsken te wurden, komt rûnom foar. In myte út 'e Grykske mytology fertelt hoe't de god Seus in man dy't Lykaon hjit yn in wolf feroaret by wize fan bestraffing foar syn kweadieden. Yn 'e lettere folkloare fan Jeropa kaam de wearwolf, in man dy't by ljochtmoanne yn in ferskuorrende wolf feroaret, yn in grut tal farianten foar. Tsjintwurdich is dat in dierber tema yn literatuer en films fan it fantasysjenre. De Navaho (Navajo) fan it Amerikaanske Súdwesten, leauden fan âlds dat boasaardige heksen harren yn wolven feroarje koene troch harsels yn wolvehûden te klaaien. De Tanaina út Alaska leauden dat alle wolven ienris minsken west hiene, en seagen se dêrom as bruorren.

Wolven yn 'e Westerske literatuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Westerske literatuer spylje wolven in wichtige rol yn fabels, lykas dy fan 'e Aldgrykske skriuwer Aesopus en it bekende Rein de Foks út it Midnederlânsk. Yn dat lêste wurk is de wolf Isengryn in wichtich personaazje, dat it slachtoffer wurdt fan 'e streken fan 'e foks Rein. Wolven komme ek in protte yn mearkes foar, dêr't se oer it algemien de rol fan 'e antagonist ferfolje. Foarbylden binne De Wolf en de Sân Geitsjes, wêryn't in wolf sân geitelammen besiket op te fretten wylst de memmegeit fan hûs is, en De Trije Barchjes, wêryn't de Grutte Boaze Wolf de wenten fan trije bargen besiket om te blazen sadat er harren opfrette kin. (De Grutte Boaze Wolf waard letter in Disney-personaazje ûnder de namme Midas de Wolf.) It bekendst is lykwols sûnder mis Readkapke, wêryn't in wolf yn it wâld in famke oansprekt dat him sûnder euvelmoed fertelt dat se ûnderweis is nei har beppe. Dêrop snijt de wolf in stik ôf om earder by beppe te wêzen. Hy fret it âldminske op en wachtet Readkapke op bêd op yn beppe har klean. Dizze wolf is wol ynterpretearre as in allegory op in ferkrêfter.

Oanfallen fan wolven op fee en op minsken en de jacht fan minsken op 'e wolf binne wichtige en gauris weromkearende motiven yn 'e Russysktalige literatuer, û.o. yn it wurk fan Leo Tolstoj en Anton Tsjechov. De komposysje Peter en de Wolf, fan 'e Russyske komponist Sergej Prokofjev, giet oer in wolf dy't fongen wurdt nei't er in ein opfretten hat. Hy liket foar de dea opskreaun te wêzen, mar wurdt sparre en bedarret yn in dieretún. De Ingelske skriuwer Rudyard Kipling brûkte wolven as sintrale personaazjes yn syn ferneamde ferhalebondel The Jungle Book (1894). Dat wurk is postúm priizge troch biologen dy't saakkundich binne op it mêd fan wolven, om't de bisten dêryn net delsetten wurde as smjunten of follefretters, sa't doedestiden gebrûklik wie. Ynstee beskreau Kipling de bisten as freedsum gearlibjend yn famyljegroepen dy't stypje op 'e libbensûnderfining fan krebintige âldere leden fan 'e ridel.

De hjoeddeistige en histoaryske fersprieding fan 'e ûndersoarten fan 'e wolf. Foar Noard-Amearika hâldt dizze kaart de globalere yndieling oan fan Robert M. Nowak (1995).
In dingo. De dingo's fan Austraalje binne de iennichste ûndersoarte fan 'e wolf dy't op it Súdlik Healrûn libbet, al binne se dêr (yn in fier ferline) yntrodusearre troch de minske.

Der binne in grut tal ûndersoarten fan 'e grize wolf (Canis lupus). Net alle autoriteiten op dit mêd erkenne deselde ûndersoarten.

  • domestisearre:
    • hûn (C. l. familiaris): domestisearre foarm fan 'e wolf; wrâldwiid, mar net yn it wyld; almar mear foarsteld as in selsstannige soarte, Canis familiaris
Histoaryske (l.) en hjoeddeistige (rj.) fersprieding fan 'e ûndersoarten fan 'e wolf yn Noard-Amearika neffens Edward Goldman (1944), E. Raymond Hall (1981) en 3e printinge fan Mammal Species of the World (2005).
In poalwolf, de noardlikst libjende ûndersoarte fan 'e wolf.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Boarnen oer de wolf yn Nederlân:

  1. 1,0 1,1 ——, Wolf een blijvertje rond het Drents-Friese Wold, yn: de Ljouwerter Krante, 15 maaie 2018, s. 21.
  2. ——, Lêste Fryske wolf 300 jier lyn, op: Omrop Fryslân, 29 april 2012.
  3. ——, Wolven tsjogge op Fryslân oan, yn: It Nijs, 25 augustus 2011.
  4. ——, Wolf gesignaleerd bij tankstation in Gelderland, yn: Trouw, 2 septimber 2011.
  5. 5,0 5,1 ——, Naturalis: kadaver Luttelgeest is daadwerkelijk van een wolf, yn: de Ljouwerter Krante, 22 july 2013.
  6. ——, "Dode wolf als grap neergelegd", yn: de Ljouwerter Krante, 12 july 2013, s. 24.
  7. ——, Deade wolf dellein as grap, yn: It Nijs, 13 july 2013.
  8. ——, Wolf duikt op in Drenthe, op: de NOS, 7 maart 2015
  9. ——, Wolf gespot op diverse plekken in Drenthe, op: RTV Noard, 7 maart 2015.
  10. ——, (Update) Overzicht: volg de route van de wolf, op: RTV Noard, 11 maart 2015
  11. ——, Wolf gespot bij Meppen, op: Nu.nl, 6 maart 2015
  12. ——, Wolf in Drenthe en Groningen was een wilde, op: de NOS, 2 april 2015.
  13. ——, Wolf doodgereden op snelweg in Drenthe, op: Nu.nl, 3 maart 2017.
  14. ——, Eerste wolf gespot in Vlaanderen in meer dan 100 jaar, yn: Nieuwsblad, 13 jannewaris 2018.
  15. ——, Wolfdeskundigen: dier bij Appelscha is vermoedelijk een wolf, yn: it Deiblêd fan it Noarden, 15 april 2018.
  16. ——, Veehouder Heida van Bontebok stond oog in oog met een wolf, yn: de Ljouwerter Krante, 14 maaie 2018, s. 3.
  17. ——, Vrouwtsjeswolf vindt domicilie op Veluwe, yn: de Ljouwerter Krante, 27 desimber 2018, s. 30.
  18. ——, Zeker drie jonge wolfjes op Veluwe, yn: de Ljouwerter Krante, 20 juny 2019, s. 9.
  19. Laan, Ton van der, Het rechercheren naar de Friese wolf kan beginnen, yn: de Ljouwerter Krante, 18 desimber 2019, s. 25.
  20. ——, Deariden wolf Appelskea wie yn goeie kondysje en wage mear as 40 kilo, op: Omrop Fryslân, 26 juny 2021.
  21. ——, Zu enge Familienbande unter skandinavischen Wölfen, artikel fan 'e webside Wissenschaft.de

Foar boarnen en oare literatuer oer de wolf yn it algemien, sjoch ûnder: Notes, References en Bibliography, op dizze side.