iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Globalisearring
Globalisearring - Wikipedy Springe nei ynhâld

Globalisearring

Ut Wikipedy

Globalisearring is it ferskynsel dêr't de lannen, kultueren en minsken yn de hiele wrâld troch ekonomy, migraasje en ynformaasjetechnology hieltyd mear en hieltyd gauwer mei inoar ferbûn reitsje. Kapitaalstreamen, tsjinsten, guod, mar ek ynformaasje en tinkbylden gean hiel hurd de wrâld oer, en lûke harren dêrby neat oan fan nasjonale, kulturele of ideologyske grinzen.

De Wrâldbank, de Feriene Naasjes, de Jeropeeske Uny, multinasjonale bedriuwen as Shell en Philips, it Ynternasjonale Reade Krús, McDonalds, Nike, Coca Cola binne allegear aspekten fan dizze globalisearring. De globalisearring giet lykop mei in mânske migraasje dêr't de minsken sawol út yndustrialisearre lannen lykas de Feriene Steaten, Grut-Brittanje, Japan en Kanada komme, as út net-yndustrialisearre lannen as Marokko, Gana en Pakistan.

By guons ropt de globalisearring wjersin op en wurdt ferantwurdlik achte foar it ferneatigjen fan de lokale tradysjes en kultuer.