Geweld
Geweld is it mei opsetsin brûken fan fysike krêft, itsij troch dêrmei te driigjen of troch it wier yn 'e praktyk te bringen, tsjin jinsels, tsjin in oare persoan of tsjin in groep of mienskip. Dit hat as eigentlik of wierskynlik gefolch lichaamlike ferwûnings, psychologyske trauma's, stjergefallen of behoeftigens. De Wrâldsûnensorganisaasje wreidet dizze gongbere definysje út sadat it begryp 'geweld' net inkeld it mei opsetsin brûken fan fysike krêft omfiemet, mar ek fan politike macht.
Geweld tsjin jinsels kin selshoffening of selsmoard wêze. Geweld tsjin oaren sûnder dat dêr deaden by falle, wurdt oer it algemien oantsjut as mishanneling. Dêrfan besteane ferskate soarten, lykas frouljusmishanneling, bernemishanneling en bistemishanneling. Geweld tsjin oaren oant de dea derop folget, is moard. Húslik geweld is geweld tsjin leden fan 'e eigen húshâlding. Sinleas geweld is in oantsjutting foar geweld omreden fan it geweld sels, yn 'e regel yn it útgeanssirkwy. Ynstitúsjonalisearre kollektyf geweld troch lannen en oare organisaasjes wurdt oarloch neamd. Seksueel geweld wurdt dien omreden fan seksuële opwining, en kin him uterje yn seksuële yntimidaasje, seksuële oantaasting of ferkrêfting.
Op wrâldnivo resultearre geweld yn it jier 2013 yn 'e dea fan nei skatting 1.280.000 minsken, in oansjenlike taname yn ferhâlding mei de likernôch 1.130.000 minsken dy't yn 1990 troch geweld om it libben kamen. De stjergefallen fan 2013 koene opdield wurde yn likernôch 842.000 selsmoarden; 405.000 gefallen fan ynterpersoanlik geweld (d.w.s. misdriuwen); en 31.000 gefallen fan kollektyf geweld (ynkl. oarloch en deastraffen). It measte geweld kaam yn 2013 yn Afrika foar, dêr't fan eltse 100.000 minsken 60,9 troch geweld om it libben kamen.
Fan 'e 405.000 gefallen fan ynterpersoanlik geweld yn 2013 waarden likernôch 180.000 feroarsake troch it gebrûk fan in fjoerwapen (wêrfan de measten yn 'e Feriene Steaten), wylst 114.000 troch it gebrûk fan in skerp foarwerp ombrocht waarden en de restearjende 111.000 op oare manearen. Foar elts stjergefal troch geweld binne der tûzenen ferwûnings troch geweld, dy't liede ta hûnderten doktersbesiken en tsientallen opnames yn it sikehûs. Foar slachtoffers dy't geweld oerlibje, hat harren ûnderfining gauris libbenslange negeative konsekwinsjes, lykas lichaamlike beheinings, psychologyske trauma's, eangst, in oanhâldend gefoel fan ûnfeiligens, it ferlies fan fertrouwen yn oare minsken, ensfh.
In protte foarmen fan geweld binne foar te kommen. Der bestiet in sterke relaasje tusken it brûken fan geweld en faktors dy't te beynfloedzjen binne, lykas it earmoedenivo en/of ynkommen fan 'e dieder(s), it gebrûk fan alkohol of drugs troch de dieders, it bestean fan seksisme, rasisme en oare foarmen fan diskriminaasje, it bestean fan rjochtsûngelikensens tusken de geslachten en/of tusken befolkingsgroepen, en it ûntbrekken fan feilige, stabile en opfiedende relaasjes tusken âlden en bern. Strategyen om sokke ûnderlizzende oarsaken oan te pakken, kinne effektyf wêze yn it foarkommen fan geweld.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.
|