iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Escape_to_Athena
Escape to Athena - Wikipedy Springe nei ynhâld

Escape to Athena

Ut Wikipedy
Escape to Athena
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur George P. Cosmatos
produsint David Niven jr.
Jack Wiener
senario Edward Anhalt
Richard S. Lochte
kamerarezjy Gil Taylor
muzyk Lalo Schifrin
filmstudio ITC Entertainment
distribúsje Associated Film Distribution
spilers
haadrollen Telly Savalas
David Niven
Roger Moore
Elliott Gould
byrollen Stefanie Powers
Claudia Cardinale
Sonny Bono
Richard Roundtree
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
premiêre 9 maart 1979
foarm langspylfilm
sjenre oarlochsfilm en aventoerekomeedzje
taal Ingelsk (ek wat Dútsk en Gryksk)
spyltiid 125 minuten
budget en resultaten
budget $10 miljoen

Escape to Athena is in Britske oarlochsfilm en aventoerekomeedzje út 1979 ûnder rezjy fan George P. Cosmatos. De haadrollen waarden fertolke troch Telly Savalas, David Niven, Roger Moore en Elliott Gould, mei Stefanie Powers, Claudia Cardinale, Sonny Bono en Richard Roundtree yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "Untsnapping nei Athena". It ferhaal giet oer in Alliëard kriichsfinzenekamp op in Gryksk eilân yn 'e Twadde Wrâldoarloch, dêr't de finzenen yn 1944 yn opstân komme om yn gearwurking mei it Grykske ferset it eilân te befrijen. Fan 'e filmkritisy krige Escape to Athena oer it algemien tuskenbeiden oant negative resinsjes. De film flopte yn 'e bioskopen.

Yn 1944 is der in kriichsfinzenekamp op ien fan 'e Grykske eilannen yn 'e Egeyske See, dêr't Alliëarde kriichsfinzenen twongen wurde argeologyske opgravings te dwaan ûnder lieding fan professor Blake, in finzen holden Britske wittenskipper op jierren dy't al mei de opgravings dwaande wie doe't de Dútsers yn 1941 Grikelân besetten. De kommandant fan it kamp is majoar Otto Hecht, in eardere antykhanneler út Wenen, dy't fan it resultaat fan 'e opgravings genôch nei Berlyn stjoerd om se dêr tefreden te stellen, mar de echt weardefolle artefakten nei syn suster yn Switserlân smokkelet sadat er se nei de oarloch ferpatse kin.

Blake en syn neiste meiwurkers, de negroïde Amerikaanske sersjant Nat Judson en de Italjaanske oerrinner en kok Bruno Rotelli, hawwe ûntdutsen dat de kriichsfinzenen nei oare kampen stjoerd wurde sille, dêr't se it perfoarst in stik minder treffe sille as ûnder it ridlik goedaardige bewâld fan Hecht. Dat sadwaande binne se begûn om artefakten dy't net folle wearde hawwe, mar wol gâns ûnthjittend binne, te 'recycljen', sadat se dy hieltyd op 'e nij ûntdekke kinne. Hecht, dy't dêr sa syn fermoedens oer hat, spilet it spultsje mei, om't de opheffing fan it kamp betsjutte soe dat ek hy earnewêr oars hinne oerpleatst wurde soe, en hy hat it skoan nei 't sin op it eilân en wol de oarloch hjir eins wol útsitte. Hiel oars leit dat foar majoar Volkmann, in ofsier fan 'e SS, dy't it yn it doarp op it eilân foar it sizzen hat. Dyselde is in fanatike nazy, dy't op ûnmeilydsume wize it deltwingen fan 'e Grykske befolking beävensearret troch represailles wêrby't willekeurige boargers stânrjochtlik eksekutearre wurde.

It Grykske ferset op it eilân stiet ûnder lieding fan Zeno, in eardere Gryksk-otterdokse mûnts, en operearret út it pleatslike bordeel wei, dat eksploitearre wurdt troch hoeremadam Eleana, mei wa't Zeno in romantyske relaasje ûnderhâldt. Troch in geheime radiostjoerder yn it bordeel stiet Zeno yn kontakt mei it regionale Alliëarde kommando, dat útstjoerd út Turkije wei. Underwilens arrivearje op it eilân twa troch de Dútsers kriichsfinzen nommen Amerikaanske artysten fan 'e USO, dy't yn it Middellânske-Seegebiet foar de Alliëarde troepen optrede soene. It binne de dûnseresse Dottie del Mar en de komyk Charlie Dane. Hecht fielt him fuortendaliks seksueel oanlutsen ta Dottie, dy't dêrnjonken as earder wedstrydswimster fan pas komt foar opgravings op 'e seeboaiem. De flot pratende Charlie hat gjin brûkbere feardichheden, en hy is boppedat Joadsk, sadat allinne dêrom al syn libben faai stiet.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Hecht stiket nei Dottie, wêrby't er har earst ûnder druk besiket te setten troch har te fertellen dat er wit dat Charlie Joadsk is, in feit dat er wolris oan 'e SS trochjaan kinne soe. As dat net it hope effekt sortearret, makket er syn drigemint lykwols net wier. Krektoarsom, der ûntjout him in nuveraardich soarte fan freonskip tusken de kampkommandant en Charlie. De kriichsfinzenen, ûnder lieding fan professor Blake, trúnje Dottie fia Charlie oan om ta te jaan oan 'e avânses fan Hecht, sadat se him foar harren útkloarkje kin. Dottie jout dêr gehoar oan. Fan Blake, Judson en Rotelli kriget Charlie te hearren dat yn it kleaster op 'e berch de Athena, yn 'e midden fan it eilân, skatten mei in wearde fan wol twa miljoen Amerikaanske dollar opslein lizze. Blake, Judson en Rotelli binne fan doel om dy efteroer te drukken sadree't se dêr it frij ta krije. Charlie jout him mei gragens by dy gearspanning.

Underwilens rommet Zeno de SS-luitenant Braun út 'e wei troch de remlieding fan syn auto troch te knippen, skynber om gjin oare reden as jaloerskens oer it feit dat de man betelle hat om seks te hawwen mei Eleana. It gefolch is dat Zoë, de prostituee dy't Braun it lêst besocht hat, troch majoar Volkmann by wize fan represaillemaatregel deasketten wurdt. Volkmann driget noch in stik as tweintich oare willekeurich keazen Grykske boargers te eksekutearjen as de dieder fan 'e moard himsels net binnen oardel etmiel oanjout. Zeno is dat lykwols net fan doel, en hy is derfan oertsjûge dat er Volkmann syn represailleplannen feridelje kin. Hy hat nammentlik fan 'e Alliëarden opdracht krigen en befrij de kriichsfinzenen, sadat it ferset en de finzenen yn gearwurking it befoarriedingsstasjon foar ûnderseeboaten op it eilân feroverje kinne. Dy aksje is ûnderdiel fan 'e Alliëarde befrijing fan 'e Grykske eilannen, dy't op kommendeweis is.

Wylst Charlie en Dottie in optreden foar de kampbewekkers hâlde wêryn't Dottie, ta argewaasje fan Hecht, in striptease opfierd sadat alle oandacht op har rjochte is, liede professor Blake, sersjant Judson en Rotelli in opstân fan 'e kriichsfinzenen, wêrby't de restearjende bewekkers oermastere wurde. Underwilens dogge Zeno en syn fersetslju fan bûtenôf in wraam op it kamp en skeakelje de wachtposten út. Dêrnei wurde de kampbewekkers by de foarstelling fan alle kanten besingele, sadat se gjin oare kar hawwe as om har oer te jaan. Zeno wol neitiid Hecht deasjitte om 'e finzen Dútsers in lieder te ûntsizzen, mar Dottie, dy't ûnderwilens echt gefoelens foar de kommandant krigen hat, slacht foar om te besykjen en helje him oer om him by de opstân te jaan. Hja kriget byfal fan professor Blake, en Zeno stimt dermei yn om it Blake bsykje te litten. De professor leit Hecht de kar foar: oerrinnen of eksekúsje. As Hecht freget oft der wier gjin oare mooglikheid foar him bestiet, langet Blake him in pistoal oer mei ien kûgel deryn. Dêrop beslút Hecht en smyt de lapen gear mei de kriichsfinzenen en de fersetslju.

Zeno, Rotelli, Charlie, majoar Hecht, alle fersetslju en in stikmannich kriichsfinzenen sette ôf werom nei it stedsje, om foar te kommen dat Volkmann noch mear ûnskuldige lju deasjitte litte kin. As Volkmann en syn SS-ers risselwearje en fier de oankundige represaille út, iepenje se fan alle kanten it fjoer op harren. Ferskate fersetslju en kriichsfinzenen sneuvelje by de dêropfolgjende sjitpartij, mar hast alle SS-ers komme om. De iennichste oerlibbene is Volkmann sels, dy't in Gryksk jonkje as libben skyld brûkt. Hecht weaget syn libben troch yn in rein fan kûgels nei Volkmann ta te draven, de SS-ofsier del te slaan en it jonkje yn feilichheid te bringen. Volkmann pykt út op in motorfyts en Charlie giet der op in motor mei sydspan efteroan. Nei in spektakulêre efterfolging troch de nauwe steechjes fan it stedsje berikt Volkmann syn kantoar, dêr't er om help fan bûten it eilân besiket te beljen. Ear't er dat oprêde kin, kringt Charlie lykwols it kantoar binnen en sjit him dea.

Underwilens set professor Blake mei sersjant Judson, Dottie en in stikmannich kriichsfinzenen nei it befoarriedingsstasjon foar ûnderseeboaten. Dat wurdt mar licht bewekke en se witte it sadwaande frij ienfâldich yn te nimmen. Wat se net witte, is dat in stikmannich Dútske dûkers op dat stuit yn see binne, de ferovering sjogge en stilwei harren kâns ôfwachtsje. Neitiid jout Judson him yn it stedsje by de groep fan Zeno, wylst Hecht nei it befoarriedingsstasjon giet om Blake by te stean yn 'e Dútsktalige kommunikaasje mei ûnderseeboaten.

Om foar te kommen dat it befoarriedingsstasjon noch troch de Dútsers brûkt wurde kin, as se it ûnferhope weroverje mochten, beslút Blake dat de branjefoarrieden opblaasd wurde moatte. Dottie nimt it putsje op har om bommen oan te bringen op 'e brânstoftanks, dy't, om ûngemakken foar te kommen, op in lyts eilantsje in hûndert meter út 'e kust pleatst binne. Hja swimt dêrhinne, mar wurdt oerfallen troch in pear fan 'e dûkers, wylst in pear oaren Hecht-en-dy oanfalle, dy't har ferrjochtings út it befoarriedingsstasjon beächtsje. De brânstoftanks ûntploffe, mei as gefolch dat der baarnende oalje yn it wetter bedarret. Hecht weeft ôf mei syn tsjinstanners en fart dan yn in houten motorboatsje troch de flammen om Dottie te rêden.

Yn it stedsje steane Charlie, Judson en Rotelli der ûnderwilens by Zeno op oan om harren nei it kleaster op 'e berch de Athena te lieden, sadat se dat plonderje kinne. De âld-mûnts, dy't earder noch sein hie dat de ynboel fan it kleaster eigendom is fan it Grykske folk, hat op in plondering no opmerklikernôch net folle mear tsjin, dat de fjouwer mannen sette ôf by de berch op. As se by it kleaster oankomme, docht lykwols bliken dat Zeno de oare trije te fiter hân hat, want yn it kleaster is in Dútske kommunikaasjepost fan 'e SS fêstige, dy't bewapene is mei in eksperiminteel raketwapen. Hy hat fan 'e Alliëarden de opdracht krigen om dat ûnklear te meitsjen, om't it grutte skea oan 'e Alliëarde ynvaazjefloat tabringe kinne soe. Foar sa'n misje hawwe Charlie, Judson en Rotelli net tekene, dat se binne begryplikerwize frijwat lulk, mar der sit neat oars op as om 'e Dútsers út te skeakeljen as se by de rykdommen fan it kleaster komme wolle.

Nei't se de Dútske skyldwachten útskeakele hawwe, smyt Zeno poeier yn it fentilaasjesysteem fan 'e kelders fan it kleaster, dêr't de measte Dútsers sitte. Troch der wetter oerhinne te jitten, ûntstiet der in gifgas dêr't it meastepart fan 'e SS-ers oan deagiet. Judson goait in pear hângranaten yn 'e kontrôlekeamer fan it raketwapen, mar ien fan 'e betsjinners libbet krekt langernôch om in selsferneatigingsmeganisme yn wurking te stellen. Zeno besiket dat om 'e nocht út te krijen, wylst Judson de finzen holden mûntsen befrijt en Charlie en Rotelli op 'e sneup geane nei de bút. Se fine lykwols inkeld ien kiste, dêr't blikken itensboarden yn blike te sitten mei it antlit fan Hitler derop. As it selsferneatigingsmeganisme ôfgiet, fljocht it hiele kleaster de loft yn. Zeno, Judson, Rotelli en de mûntsen, en op it alderlêste momint ek Charlie, witte ûnskansearre fuort te kommen.

De jûns is it feest yn it stedsje om 'e befrijing fan it eilân te fieren. Charlie, Rotelli en Judson besykje om 'e nocht fan 'e mûntsen te fernimmen wêr't de skatten út it kleaster bedarre binne. Professor Blake wurdt troch de abt yn fertrouwen nommen, dy't him meidielt dat alle rykdommen al foar de Dútske besetting yn it pleatslike bordeel ferburgen wiene, en dus de hiele tiid al ûnder de noas fan sawol de Dútsers as de op plonderjen beluste kriichsfinzenen lein hawwe. Charlie sit alhiel yn 'e put, mar Hecht en Dottie, dy't no iepentlik in stel foarmje, fleurje him op troch plannen te meitsjen oer hoe't se mei syn trijen nei de oarloch de argeologyske artefakten ferhannelje kinne dy't Hecht al nei Switserlân smokkele hat.

Yn 'e lêste sêne fan 'e film ferspringt it ferhaal nei 1979. Op it eilân is it no allegear Westerske toeristen. By in rûnlieding wurdt harren ferteld dat yn dit gebou yn 'e Twadde Wrâldoarloch in bordeel fêstige wie, dat in dekmantel foarme foar it haadkertier fan it pleatslike ferset. No is it in museum dêr't de rykdommen út it kleaster op 'e berch de Athena, dat yn 'e oarloch opblaasd is, tentoansteld wurde.

Telly Savalas.
David Niven.
Roger Moore.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Zeno Telly Savalas
prof. Blake David Niven
majoar Otto Hecht Roger Moore
Charlie Dane Elliott Gould


byrollen
personaazje                      akteur/aktrise
Dottie del Mar Stefanie Powers
Eleana Claudia Cardinale
Bruno Rotelli Sonny Bono
sersjant Nat Judson Richard Roundtree
SS-majoar Volkmann Anthony Valentine
SS-luitenant Braun Siegfried Rauch
SS-kaptein Reistoffer Richard Wren
sersjant Mann Michael Sheard
Zoë Elena Secota
kolonel Vogel Philip Locke
kaptein Lantz Steve Ubels
fersetsman #1 Paul Picerni
fersetsman #2 Paul Stassino
kriichsfinzen sersjant William Holden (cameo)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Escape to Athena waard regissearre troch George P. Cosmatos nei in senario fan Edward Anhalt en Richard S. Lochte op basis fan in ferhaal dat optocht wie troch Lochte en Cosmatos. As produsinten wiene David Niven jr. en Jack Wiener by it projekt belutsen foar de filmstudio ITC Entertainment. Itselde produksjeteam hie yn 1976 foar ITC in oare oarlochsfilm makke, The Eagle Has Landed, en op basis fan it súkses fan dy film stimde de studio dermei yn om Escape to Athena te finansieren foar in budget ter hichte fan $10 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Gil Taylor, en de filmmuzyk waard fersoarge troch de Argentynske komponist Lalo Schifrin.

De opnamen foar Escape to Athena setten op 21 febrewaris 1978 útein en fûnen foar it meastepart plak op lokaasje op it Grykske eilân Roados. Hoewol't de cast en crew oer it algemien goed mei-inoar opsjitte koene, wie it in oar ferhaal foar de wurkrelaasje tusken de crew en regisseur Cosmatos. Neffens stuntman Vic Armstrong hiene de crewleden sa'n grouwéligen hekel oan 'e man, dat se syn hoed stielen en boppe-yn in mêst fêstspikeren. De efterfolging op motorfytsen troch de nauwe steechjes fan it Grykske stedsje, dy't in protte sjoggers it measte bybleaun is út 'e film, waard regissearre troch Armstrong en naam twa wiken yn beslach om te filmjen.

David Niven, in Britske akteur dy't yn 1978 al aardich op jierren rekke, stimde yn mei it spyljen fan 'e rol fan professor Blake om't syn soan David Niven jr. ien fan 'e produsinten fan Escape to Athena wie, en teffens om't er wol wer ris op Roados sjen woe, dêr't er yn 1961 de oarlochsfilm The Guns of Navarone opnommen hie. De Amerikaanske filmstjer William Holden, dy't syn freondinne Stefanie Powers op 'e filmset op Roados besocht, waard oerhelle om in cameo yn 'e film te dwaan as in kriichsfinzen sersjant dy't by de opstân yn it kriichsfinzenekamp belutsen is. Nei't men oannimme mei, moat dat in ferwizing foarstelle nei syn rol as de ûntsnapte kriichsfinzene sersjant Sefton yn 'e film Stalag 17 (1953). Dat smiet, foar lju dy't dy lêste film nea sjoen hawwe, yn Escape to Athena in wat riedseleftich tafoechsel fan mar in pear tellen op.

De distribúsje fan Escape to Athena waard fersoarge troch de Associated Film Distribution. De film gie op 9 maart 1979 yn 'e Britske bioskopen yn premiêre yn in ferzje mei in spyldoer fan 125 minuten. Foar guon oare lannen en territoaria waard dêryn knipt, mei as resultaat in film mei in spyldoer fan 120 minuten yn Argentynje, fan 119 minuten yn Sweden en fan 101 minuten yn 'e Feriene Steaten.

Fan 'e filmkritisy krige Escape to Athena tuskenbeiden oant negative resinsjes. Der wie benammen krityk op dat de film sa'n "ynkonsekwinte miks fan komeedzje en militêre aksje" wie. Foar de motorfytsefterfolging krige Escape to Athena lykwols in protte lof ta taswaaid. Yn 2017 beoardiele Mark Hinchliff fan it tydskrift Motorbike Writer dat as de op twa nei bêste efterfolging op motors út 'e filmskiednis, nei dy yn The Great Escape (1963) en dy yn Skyfall (2012).

Anno 2023 hie noch Rotten Tomatoes, noch Metacritic, websiden dy't resinsjes sammelje, in beoardieling fan Escape to Athena.

Escape to Athena brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada mar $850.000 op. Om't ûnbekend is wat de film yn oare lannen en territoaria yn 't laadsje brocht, kin net sein wurde wat de folsleine opbringst wie. Filmprodusint Jack Wiener sei lykwols yn in fraachpetear mei de Chicago Tribune, dat Escape to Athena $10 miljoen koste hie om te meitsjen en $30 miljoen opbringe moast om lyk te spyljen. It is dúdlik dat de film dêr lang net oan ta kaam, hoewol't Lew Grade, de studiobaas fan ITC Entertainment, de studio dy't Escape to Athena finansierd hie, úthold dat "we lang safolle jild net oan 'e film ferlern hawwe as wol kinnen hie." Grade hie trouwens in oarlochsdramafilm hawwe wollen, en hy wie derfan oertsjûge dat it floppen fan Escape to Athena te witen wie oan it komyske aspekt fan 'e film.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.