iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Ellen_Moves_Camp
Ellen Moves Camp - Wikipedy Springe nei ynhâld

Ellen Moves Camp

Ut Wikipedy
Ellen Moves Camp
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ellen Moves Camp
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 25 septimber 1930
berteplak Wanblee (Súd-Dakota)
stoarn 5 april 2008
stjerplak Wanblee (Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota-)
wurkpaad
aktyf as minskerjochte-aktivist
jierren aktyf 19702008

Ellen Moves Camp (Wanblee (Súd-Dakota), 25 septimber 1930 – dêre, 5 april 2008)[1] wie in Amerikaansk minskerjochte-aktiviste fan etnysk Yndiaansk komôf, dy't opkaam foar de rjochten fan 'e Lakota. Begjin 1970-er jierren wie hja behelle yn 'e striid tsjin 'e korrupte stammepresidint Dick Wilson en die se mei oan 'e Besetting fan Wounded Knee.

Moves Camp waard yn 1930 berne yn it plakje Wanblee, yn it Pine Ridge Yndianereservaat yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. Mei û.m. Gladys Bissonette wie hja ein jierren sechstich en begjin jierren santich ien fan 'e froulike stamâldsten fan 'e Oglala-Lakota. Under it bewâld fan Dick Wilson, dy't yn 1972 presidint waard fan 'e Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota, ûntjoech Moves Camp har ta ien fan 'e liedende minskerjochte-aktivisten fan har folk. Wilson wie in alkoholistyske dranksmokkelder, dy't as setbaas fan it Amerikaanske federale regear yn Washington, D.C. fungearre en mei syn autoritêre manear fan dwaan grutte opskuor yn it reservaat feroarsake. Hy waard beskuldige fan machtsmisbrûk, korrupsje en fysike mishanneling fan syn politike tsjinstanners.

Behalven dat Moves Camp har sterk fersette tsjin it skrikbewâld fan Wilson, wie se ek belutsen by de ferneamde Besetting fan Wounded Knee. Dêrby waard it plakje Wounded Knee, dêr't yn 1890 it lêste ferset fan 'e Lakota tsjin 'e Amerikaanske oerhearsking yn bloed smoard wie, troch sa'n twahûndert Oglala-Lakota en oare leden fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging ynnommen. Under lieding fan Dennis Banks, Carter Camp en Russell Means waard Wounded Knee dêrnei 71 dagen lang (fan 27 febrewaris oant 8 maaie) beset holden, wêrby't de aktivisten in belegering troch de FBI en de United States Marshals Service trochstiene. Hjirby kamen twa aktivisten om, wêrûnder Moves Camp har muoikesizzer Buddy Lamont, wylst twa plysjeminsken ferwûne rekken. Moves Camp wie mei û.m. Gladys Bissonette, Frank Fools Crow en Leonard Crow Dog ien fan 'e Oglala-stamâldsten dy't de besetting oanmoedigen, en hja naam der sels ek oan diel. Under de belegering fan Wounded Knee wie hja mei Fools Crow ien fan 'e liedende ûnderhannelers fan 'e kant fan 'e aktivisten.

Ek nei Wounded Knee sette Moves Camp har op in net wurch te krijen manear yn foar de rjochten fan har folk. Meitiid ûntjoech hja har ta de 'Beppe fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging'. By in betinking fan 'e Besetting fan Wounded Knee yn 1998 foarsei se dat it mar in kwestje fan tiid wie foar't der op 'e nij in wapene konfrontaasje plakfine soe tusken de Lakota en de Amerikaanske oerheid, mei't de Amerikanen sûnt de 1970-er jierren noch net folle byleard hiene. Moves Camp kaam yn 2008, yn 'e âlderdom fan 77 jier, yn har berteplak Wanblee te ferstjerren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Berte- en stjerdata fan Ellen Moves Camp