iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Claes_Wybe_Bolman
Claes Wybe Bolman - Wikipedy Springe nei ynhâld

Claes Wybe Bolman

Ut Wikipedy

Claas Wybe Bolman (Ljouwert, 26 desimber 1856 - dêre, 26 maaie 1910) wie goudsmid en filantroop.

De posysje fan de kleine luyden gie him oan it hert. Fan him wie de oanset ta foarming fan in algemiene fakorganisaasje, wêrtroch er yn oanrekking komt mei de foaroanmannen fan de Fryske Folkspartij, lykas Oebele Stellingwerf. Syn grifformearde gesindheid makke dat hy letter mear yn it bysûnder syn krêften joech oan de kristlike fakorganisaasje. Sa waard hy de siel fan Patrimonium yn it Noarden. Dy organisaasje beneamde him ta lid fan de kommisje fan advys. As foarsitter fan de feriening foar Kristlik Nasjonaal Skoalûnderwiis yn Ljouwert kaam ûnder syn bestjoer de skoalle foar M.U.L.O. yn de Margaretha de Heerstrjitte ta stân. Op it mêd fan de Middernachtsinding hat er him yn de striid tsjin de bordelen tige ward. Yn de skiednis fan it tsjerklik-godstsjinstich Ljouwert fan de lêste desennia fan de 19e iuw is hy mei W.C. van Munster (1839-1913) in figuer van betsjutting. Syn hânskriften binne yn de Provinsjale Bibleteek fan Fryslân bedarre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • Wumkes - Bodders yn de Fryske Striid (Boalsert, 1926) side 635
  • Wumkes - Stads- en Dorpskroniek van Friesland, (Ljouwert, 1932) II, Register
  • Aanwinsten der Prov. Bibliotheek van Friesland 1930
  • Ljouwerter Krante, 31 maaie 1910