iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Catrinus_Mak
Catrinus Mak - Wikipedy Springe nei ynhâld

Catrinus Mak

Ut Wikipedy
Catrinus Mak
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 28 septimber 1899
berteplak Skiedam
stoarn 3 july 1983
stjerplak Drachten
wurkpaad
berop/amt Predikant
offisjele webside
gjint

Catrinus Mak (Skiedam, 28 septimber 1899 - Drachten, 3 july 1983) wie in Nederlânske predikant fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân. Hy krige postúm bekendheid troch it boek De eeuw van mijn vader (1999) fan syn soan, skriuwer Geert Mak, dêr't er in haadrol yn hat.

Mak waard grutbrocht yn Skiedam, yn in herfoarme húshâlding, dêr't syn heit in seilmakkerij hie. Fanwegen in tsjerklike ûnienichheid stapten Mak's mem en har bern oer nei de Grifformearde Tsjerken, mar syn heit de bleau Nederlânske Herfoarme Tsjerke trou.

Yn de Earste Wrâldoarloch learde er Geertje van der Molen kennen mei wa't er yn 1924 troude. Nei syn teologystúdzje oan de Frije Universiteit Amsterdam krige Mak yn Brielle yn 1926 syn earste stânplak as dûmny. Yn dy snuorje spile de kwestje-Geelkerken yn de Grifformearde Tsjerken. De Amsterdamske predikant Johannes Geelkerken hie muoite mei in letterlike útlis fan it Bibelske skeppingsferhaal dat late ta de Synoade fan Assen dy't syn fisy fersmiet.

Mak koe him goed fine yn de opfetting fan Geelkerken, mar rekke dêrtroch wat yn de swierrichheden. Hy stelde him lykwols foarsichtich op om 't er net út de Grifformearde Tsjerken set wurde woe sa't twa fan syn stúdzjefreonen oerkaam wie. Dêrom gie er nei Nederlânsk-Ynje dêr't er oant nei de Twadde Wrâldoarloch wenne en wurke en dêr't hast al syn bern berne waarden. Nei't dêr wat opstannen ûnder de pleatslike befolking útbrutsen wiene, waard Mak legerpredikant yn 'e rang fan kaptein by it KNYL.

Under de Japanske besetting fan Nederlânsk-Ynje kaam hast de hiele húshâlding Mak yn in jappekamp telâne (de âldste twa bern, Anna en Cas Mak, wiene yn Nederlân ûnderbrocht by famylje en freonen). Mak sels waard yn ferskate jappekampen yn Tailân ûnderbrocht dêr't er oan de beruchte Birmaspoarwei wurke. It die bliken dat er fan grutte stipe foar syn meikampgenoaten wie. Hy spruts oan de grêven fan de ferstoarnen en hold der in soarte fan deiboekje by dat syn soan, de skriuwer Geert Mak ynspirearre en as boarne tsjinne foar dy syn boek De eeuw van mijn vader.

Mak en syn gesin oerlibben de ûntberingen fan de oarloch en yn 1946 gienen sy werom nei Nederlân. Soan Geert kaam yn dat jier yn Vlaardingen op 'e wrâld as neikommeling yn in húshâlding dy't al acht persoanen hie. Yn 1947 ferhuze de famylje Mak nei Ljouwert dêr't Catrinus Mak beroppen wie as sikehûs- en evangelisaasjepredikant. Yn 1949 krige er de Fersetsstjer East-Azië 1942 -1945. Mak soe oant syn emeritaat yn Ljouwert wurkjen bliuwe.

Yn de iere jierren '60 ferhuze it pear nei Hurdegaryp. Mak krige yn 1972 in harsenblieding dêr't er foar it grutste part fan werstelde. Fanwege harren ôfnimmende sûnens ferhuzen sy nei Drachten, dêr't sy de lêste jierren fan har libben yn in âldereinflat trochbrochten. Ein 1982 waard er bêdlegerich. De simmer fan 1983 ferstoar Catrinus Mak yn de âldens fan 83 jier.

Geert Mak beskriuwt it stjerren fan syn heit yn it boek De eeuw van mijn vader sa:
Op een warme zondagmiddag werd hij onrustiger dan gewoonlijk. Voortdurend probeerde hij zich op te trekken aan een handgreep boven zijn bed. 'Waarom doe je dat zo?' vroeg mijn moeder. 'Anders val ik dood.' zei hij. 'Maar dat wil je toch, sterven?' 'Ja,' zei hij toen. En hij liet los, zakte achterover, en zo viel hij, en hij werd door engelen gedragen.