iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Bourgonden
Boergonden - Wikipedy Springe nei ynhâld

Boergonden

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bourgonden)

De Boergonden wienen in Eastgermaansk folk dat oarspronklik yn Skandinaavje wenne. Hja sprieken de Boergondyske taal. Sa om it begjin fan de jiertelling hinne libben sy yn it westen fan it tsjintwurdige Poalen. Yn de tiid fan it Grutte Folkeferfarren fêstigen sy harren yn it gebiet dat hjoed noch altiten harren namme draacht: Boergonje.

Oan it begjin fan de 1e iuw emigrearden de Boergonjers nei de útrin fan de Wisla yn de Eastsee. Dêr wienen sy oanhâldend belutsen by alderlei konflikten mei de omwenjende Goaten, Fandalen en Semnoanen. Fan 150 ôf waarden de Boergonjers nei it westen ta ferdreaun en likernôch 250 kamen sy oan by de bopperin fan de Main. Hjir rekken sy deilis mei de Allemannen dy't de slach ferlernen, wêrtroch't de Boergonden harren as oerwinners fêstigje koenen oan de grins fan it Romeinske Ryk.

Ynfallen yn it Romeinske Ryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al gauris foelen sy it Romeinske Ryk binnen. Dêr wie doe in soad gaos, want yn it Ryk wienen alderlei opstannen fan it leger en rebûlje en de grinzen waarden swak ferdigene. Lykas har bruorrefolk de Allemannen makken sy gebrûk fan de sitewaasje. Fan 260 ôf hâlden sy plondertochten yn Galje. It herstel fan de Romeinske macht troch keizer Posthumus makke dêr ynearsten in ein oan. Want doe't de grinzen nei 276 opnij swak ferdigene waarden krongen de Boergonden werom Galje yn. Diskear makke keizer Probus dêr in ein oan. Hy luts stried tsjin de oarlochssuchtige Germaanske folken en likernôch 280 hied er de Ryngrins hersteld. Yn de winter fan 287/288 wienen de rôlen omkeard, diskear foelen de Romeinen it Boergondyske gebiet yn om harren fan nije ynfallen te wjerhâlden.

Op 'e ein fan de 3e iuw wie it Romeinske leger yn Galje oermachtich en kaam de rêst oan de Ryngrins werom. De Boergonden stoppen mei de ynfallen en in tsiental jierren letter sleaten sy in foerderaty-ferdrach mei de Romeinen. In protte Boergonden soenen tsjinst nimme yn de Romeinske legers en yn de 4e iuw lieten sy harren kenne as trouwe bûnsgenoaten. Yn tsjinstelling ta oare Germaanske folken as de Allemannen en Franken stipen sy hieltyd de wetlike keizers.

It Boergondyske Ryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 406-407 waard de Ryn-limes fanwegen swierrichheden yn it Romeinske Ryk net goed beskerme troch it leger. Ferskate Germaanske folken makken gebrûk fan de sitewaasje en krongen Galje binnen. Itselde dienen de Boergonden. Tige stadichoan fêstigen sy harren oan de Midden-Ryn. De Romeinen wienen in skoft net goed by steat om wjerstân te bieden tsjin de ynkringjende Germaanske folken. Yn 413 sleaten de Romeinen in nij ferdrach mei de Boergonden. Se bleau foederaty en mochten yn it Romeinske Ryk bliuwe en de besette gebieten hâlde. Letter soenen sy it wol wer oan de stok krije mei de Romeinen. Yn 436 waarden sy finaal ferslein troch in hierlingenleger fan Hunnen. Hjirtroch waard harren macht yn it Midden-Ryn gebiet brutsen. Harren striid wurdt beskreaun yn it Nibelungenliet (ûndergong fan de Boergonden).

Lykwols krigen de Boergonden yn 443 opnij de status fan foederaty oan de Midden-Rhône by Genêve. Letter doe't de Romeinske macht ophâlde te bestean koenen sy har gebiet fierder útwreidzje oant Bazel yn it noarden en Avignon yn it suden. Sy fersloegen dêrby de Allemannen en ferdreaunen dizzen út Langres. Yn 481 krongen sy nei it suden ta, by de Saône en Rhône del oant de Middellânske See en fersprieden harren likernôch 485 yn de Sjampanje.

Ein fan de selsstannigens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei 500 krigen de Boergonden te stellen mei de machtshonger fan de Merovingen. Lang om let waarden sy troch de Franken ferslein en harren gebiet waard yn 534 ynlive by it Frankyske Ryk. De Boergondyske befolking soe letter opnommen wurden yn de omwenjende Gallo-Romaanske befolking. Harren namme soe lykwols wol oan it gebiet hingjen bliuwe. Yn de Midsiuwen wie der in hartochdom Boergonje en oant hjoed hat it gebiet dizze namme hâlden.

Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen