iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Bolus_(kleur)
Bolus (kleur) - Wikipedy Springe nei ynhâld

Bolus (kleur)

Ut Wikipedy
bolus
kleurkoördinaten
heksadesimaal #79443B
RGBª (rgb) (121, 68, 59)
CMYKº (cmyk) (0, 44, 51, 53)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Bolus is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan brún. It kin omskreaun wurde as in dûnkere grizich brune kleur dy't in bytsje út 'en readens skynt. By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is bolus in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren (read, grien en blau). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it in sekundêre kleur, dy't produsearre wurdt troch de primêre kleuren maginta en giel te mingen (en yn 'e praktyk troch dêr ek swart oan ta te foegjen).

De namme fan dizze kleur komt fan bolus of segelierde, in grûnsoarte dy't ûnder mear foarkomt yn Transkaukaazje en de Levant. It is in type fine klaai dy't al sûnt de Aldheid brûkt wurdt as in pigmint. Yn it Ingelsk wurdt it wurd bole al teminsten sûnt 1386 as kleuroantsjutting brûkt. Dat hat ta in wiidfersprate betizing laat, mei't bole ek "beamstam" betsjut. In soad minsken fetsje de kleur bole dêrom op as 'beamstambrún'. De betsjutting 'beamstam' is lykwols in homonym dat neat te krijen hat mei de ierdsoarte dêr't bolus en bole nei ferneamd binne.

In oare namme foar bolus is terra rosa, in Italjaanske beneaming dy't letterlik "reade ierde" betsjut, en ferwiist nei de readich fealbrune kleur fan bolus. Terra rosa wurdt as kleuroantsjutting en as synonym foar bolus al brûkt sûnt 1753. Yn 'e skilderkeunst wurdt bolus sjoen as in foarm fan Fenesiaansk read, wylst it yn it Frânsk korrespondearret mei de kleur châtaigne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.