iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Bekhofskâns
Bekhofskâns - Wikipedy Springe nei ynhâld

Bekhofskâns

Ut Wikipedy
Bekhofskâns
De Bekhofskâns om 1660 hinne
De Bekhofskâns om 1660 hinne
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
plak Bekhof
bysûnderheden
type plak Festingwurk
subtype Skâns
diel fan Fryske Wetterliny
oerflak 0.01 km²
skiednis
stifte 1623
archeology
eigendom It Fryske Gea
behear Steatsboskbehear
lânkaart
Bekhofskâns (Weststellingwerf)
Bekhofskâns

De Bekhofskâns of Bekhofschaans is in âlde ferdigeningsskâns út 1623 oan de Linde by de buorskip Bekhof. De skâns komt út de Tachtichjierrige Oarloch en makke diel út fan de Fryske Wetterliny, dy’t troch hiel Súdeast-Fryslân rûn. In lyts part fan de skâns stiet noch oerein.

De skâns waard oanlein tsjin de oanfallen fan de Spanjert Verdugo, mar waard ferneamd yn 1672, doe’t de Biskop fan Múnster besocht de provinsje Fryslân yn te nimmen. Dat slagge net, omdat meardere kearen de oanfallen op de skâns ôfslein waarden.

De Bekhofskâns lei op in wichtich plak foar oanfallen fan bûten út. Wa't de Linde hie koe in part fan it grinsgebiet ûnder wetter sette troch de Linde ôf te damjen. Om Fryslân fan it suden út oan te fallen moast men wol by de Bekhofskâns del.

It ferdigeningswurk is yn 2002, 2006 en 2007 opknapt troch it Lânskipsbehear Fryslân. Dat barde yn gearwurking mei It Fryske Gea, Steatsboskbehear, de Feriening Histoarje Weststellingwerf, it Doarpsargyf Aldebearkeap en de Stellingwarver Schrieversronte.

Op 23 maaie 1979 waard troch twa bruorren de loop fan in kanon fûn by de skâns. De loop wie likernôch 1,5 meter lang. It kanon stamt út de 17e iuw en wie noch hieltyd yn goeie steat, it hat in gewicht fan sa’n 500 kilo. Hjoed-de-dei stiet it kanon, mei in ûnderstel, yn de buorren fan Aldeberkeap.

Sûnt 2006 is de skâns eigendom fan It Fryske Gea de Bekhofschaans troch in skinking. It behear is útbestege oan Steatsboskbehear.

By de Bekhofskâns stiet in grutte iik. Neffens de oerlevering is dy plante nei de ynfal fan it leger fan Múnster. Ek soenen der letter minsken oan ophinge wêze. Oan de betrouberheid fan dy ferhalen wurdt bot twifele.

  • Yn Boyl stiet in kemping mei de namme Bekhofskâns.
It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard