iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Augustinus_Lycklama_à_Nijeholt_(1670)
Augustinus Lycklama à Nijeholt (1670-1744) - Wikipedy Springe nei ynhâld

Augustinus Lycklama à Nijeholt (1670-1744)

Ut Wikipedy

Augustinus Lycklama à Nijeholt (1670 - 22 juny 1744, Beetstersweach) wie in ôfstammeling fan de Lycklama à Nijeholt-famylje. Hy wie de soan fan de grytman fan Eaststellingwerf, Lubbert Piers Lycklama à Nijeholt.

Hy waard 20 jannewaris 1693 grytman fan Opsterlân en yn itselde jier lid fan de Deputearre Steaten fan Fryslân. Hy wenne op syn bûtenpleats yn Beets en begûn yn 1704 it grutte feankanaal te graven, de Opsterlânske Kompanjonsfeart, dat by De Gerdyk begjint en troch syn neisieten fuortsetten is troch Bakkefean, Easterwâlde en Appelskea, dêr't it hûs fan de kompanjons nei him 'Augustinusstate' neamd is.

Hy troude twa kear. Earst 14 jannewaris 1693 mei Houkje fan Glinstra, doopt yn Ljouwert 18 augustus 1671, al gau nei har houlik ferstoarn, dochter fan Hector, grytman fan Tytsjerksteradiel, en fan Eritia Willemsdr. fan Vierssen. Dêrnei troude er fannijs 24 febrewaris 1695 mei Detsje of Dids fan Andringa, berne op De Lemmer 28 febrewaris 1677, ferstoarn te Beets 28 july 1719 en dêr begroeven, dochter fan Tinco, grytman fan Lemsterlân, en fan Eritia fan Scheltinga. Ien fan dizze houliken waard troch Abelus S. Siccama besongen.

Ut it twadde houlik kamen 9 bern, wêrûnder Livius Suffridus en Tinco. Ien soan Daniël de Blocq (1702-81) waard grytman fan Opsterlân en in oare soan, Regnerus (1700-56) grytman fan Lemsterlân letter fan Utingeradiel. De jongste dochter, Romelia, of R. Margaretha (1709-74) boaske 7 septimber 1732 mei Martinus fan Bouricius, dy't 1 july 1755 âld 47 jier ferstoar. In oare dochter Eritia (1700-62) boaske Sake Alefs fan Idsinga.

Augustinus hat ek wenne op it Lângoed Keningsbergen yn Aldeholtpea. Hy is bysetten yn it famyljegrêf yn Beets. In mânske stien siert dêr syn lêste rêstplak.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • Stamboek van de Friesche Adel I, 251, II, 171;
  • Eekhof, Geschiedenis van Friesland, 326;
  • Baerdt van Sminia, N. Naaml. v. Gr., 387;
  • Nederlandsch Adelsboek (1915), 197.