iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Agnetha_Fältskog
Agnetha Fältskog - Wikipedy Springe nei ynhâld

Agnetha Fältskog

Ut Wikipedy
Agnetha Fältskog
sjonger en/of muzikant
Agneta Fältskog yn 2013
Agneta Fältskog yn 2013
persoanlike bysûnderheden
echte namme Agneta Åse Fältskog
nasjonaliteit Sweedsk
berne 5 april 1950
berteplak Jönköping
wurkpaad
sjenre Pop
sjongtaal Ingelsk,
Sweedsk
ynstrumint Piano
grutste hit(s) Waterloo,
Fernando,
Dancing Queen
jierren aktyf 1960 - 1988,
2004 - No

Agneta Åse Fältskog (Jönköping, 5 april 1950) is in Sweedsk sjongeres en lietsjeskriuwster. Sy is bekend as ien fan de twa sjongeressen fan de popgroep ABBA. Agneta Fältskog is de mem fan aktrise Linda Ulvaeus.

Agneta Fältskog yn 1974

Agnetha Fältskog begûn doe't se 8 jier wie mei pianolessen en song by it koar fan de pleatslike tsjerke. Begjin 1960 foarme Fältskog in muzikaal trio, de Cambers, mei twa freondinnen. Se treden lokaal op yn lytsere sealen, mar giene al gau útinoar fanwegen gebrek oan opdrachten. As fyftjinjierrige stoppe se mei skoalle om har op in sjong karriêre te rjochtsjen.

Solokarriêre (1966–1971)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fältskog song twa jier by de Bernt Enghardt-band. Yn dy tiid luts Karl Gerhard Lundkvist, in famyljelid fan ien fan de leden fan de band, him werom út syn suksesfolle rock-'n-roll-karriêre en begûn te wurkjen as plateprodusint by Cupol Records. Enghardt stjoerde him in demo-opname fan de band, mar Lundkvist toande allinnich ynteresse yn Fältskog. Se makke har soargen om't er net ynteressearre wie yn de band en se net op de plaat opnaam wurde soene. Se besleat lykwols om it oanbod te akseptearjen en tekene in platekontrakt by Cupol Records. Har selsskreaune debútsingle Jag var saparkär waard opnaam en útbrocht fia Cupol Records. Yn 1968 folge har debútalbum en oant 1971 folgen noch trije albums.
Yn maart 1969 moete Agnetha de sjonger Björn Ulvaeus, en al gau waarden se in koppel. Yn 1972 spile Fältskog Marije Magdalena yn de Sweedske produksje fan de ynternasjonale musical Jesus Christ Superstar. Dêrnei late har relaasje mei Ulvaeus en harren freonskip mei Benny Andersson en Anni-Frid Lyngstad ta de foarming fan ABBA.

ABBA (1972–1982)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ynternasjonale trochbraak fan de groep kaam mei it winnen fan it Eurofyzje Sjongfestival foar Sweden mei it liet Waterloo op 6 april 1974. Yn de folgjende acht jier hie de popgroep wrâldwiid in soad sukses en skoarde in rige fan nûmer 1-hits.
Mei ABBA brocht Agnetha Fältskog njoggen studio-albums en twa live-album út.

Fuortsetting solokarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maaie 1983 brocht Fältskog har earste solo-album nei ABBA út, Wrap Your Arms Around Me. Oant 1987 folgen noch trije albums. Nei it útbringen fan I Stand Alone út 1987 luts Fältskog har úteinlik foar mar leafst 17 jier werom út it iepenbiere libben en wijde in soad fan har tiid oan astrology, yoga en hynsteriden yn har lânhûs yn Ekerö. Yn april 2004, brocht Fältskog it album, My Colouring Book út. Yn 2013 kaam de opfolger mei de tige koarte titel A út.

Fältskog waard berne yn Jönköping, Götaland, Sweden, as earste yn in gesin fan twa bern, har heit wie manager yn in warehûs. Agnetha Fältskog hat twa kear boaske west, njoggen jier mei Björn Ulvaeus. Agnetha Fältskog hat út dy twa relaasjes twa bêrn, wêrûnder aktrise Linda Ulvaeus, har âldste dochter.

Album Utbrocht op Band Single(s)
Agnetha Fältskog desimber 1968 Agnetha Fältskog Följ med mej,
Slutet gott, allting gott,
En sommar med dig,
Den jag väntat på,
Svövit och de sju dvärgarna
Agnetha Fältskog Vol. 2 novimber 1969 En gång fanns bara vi två,
Hjärtats kronprins,
Zigenarvän
Som jag är oktober 1970 Om tårar vore guld,
Ta det bara med ro
När en vacker tanke blir en sång 1971 Kungens vaktparad,
Många gånger än
Ring Ring 26 maart 1973 ABBA People Need Love,
He Is Your Brother,
Ring Ring,
Another Town, Another Train,
I Am Just a Girl,
Love Isn't Easy (But It Sure Is Hard Enough),
Rock'n Roll Band,
Nina, Pretty Ballerina
Waterloo 4 maart 1974 Waterloo,
Honey, Honey,
Hasta Mañana
ABBA 21 april 1975 So Long,
I've Been Waiting for You,
I Do, I Do, I Do, I Do, I Do,
Bang-A-Boomerang,
SOS,
Mamma Mia,
Rock Me
Elva kvinnor i ett hus 1 desimber 1975 Agnetha Fältskog Dom har glömt,
SOS
Arrival 11 oktober 1976 ABBA Dancing Queen,
Money, Money, Money,
Knowing Me, Knowing You,
That's Me
ABBA: The Album 12 desimber 1977 The Name of the Game,
Take a Chance on Me,
Eagle
Voulez-Vous 23 april 1979 Chiquitita,
Does Your Mother Know,
Voulez-Vous,
Angeleyes,
As Good as New,
I Have a Dream
Super Trouper 3 novimber 1980 The Winner Takes It All,
On and On and On,
Super Trouper,
Happy New Year,
Andante, Andante,
Lay All Your Love on Me
Nu tändas tusen juleljus oktober 1981 Agnetha & Linda
The Visitors 30 novimber 1981 ABBA One of Us,
When All Is Said and Done,
Head over Heels,
The Visitors
Wrap Your Arms Around Me 31 maaie 1983 Agnetha Fältskog Can't Shake Loose,
The Heat Is On
Eyes of a Woman maart 1985 One Way Love,
I Won't Let You Go
I Stand Alone novimber 1987 The Last Time,
Let It Shine,
I Wasn't the One (Who Said Goodbye)
Kom följ med i vår karusell 1987 Agnetha & Christian
My Colouring Book 23 april 2004 Angnetha Fältskog If I Thought You'd Ever Change Your Mind,
When You Walk in the Room,
Sometimes When I'm Dreaming
A 10 maaie 2013 The One Who Loves You Now,
When You Really Loved Someone,
Dance Your Pain Away,
I Should've Followed You Home
Voyage 5 novimber 2021 ABBA I Still Have Faith in You,
Don't Shut Me Down,
Just a Notion,
Little Things,
No Doubt About It