iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Adygeä
Adygeä - Wikipedy Springe nei ynhâld

Adygeä

Ut Wikipedy
Adygeä

Адыгея (Russysk)
Адыгэ (Adygeesk)

flagge wapen
polityk
soarte gebiet autonome republyk
lân Ruslân
federaal distrikt Súd
ekonomyske regio Noard-Kaukasus
haadplak Majkop
grutste plak Majkop
taal Russysk, Adygeesk
Etnyske groepen Russen (63,6 %)
Adygeeërs (25,2 %)
Armeenjers (3,7 %)
Oekraïners (1,4 %)
Koerden (1,1%) (stân: 2010)
sifers
ynwennertal 468.340 (2022)
oerflak 7.792 km²
befolkingstichtens 60,11 ynw. / km²
oar
stifting 3 july 1991
tiidsône UTC +3 MSK
koördinaten 44° 29' N 40° 12' E
webside www.adygheya.ru

Adygeä (Russysk: Адыгея; Adygeesk: Адыгэ) is in autonome republyk fan de Russyske Federaasje. De republyk wurdt hielendal omklamme troch de kraj Krasnodar.

Adygeä is ien fan de etnyske republiken fan Ruslân, dy't fral it ynhiemske folk fan de Sirkassiërs fertsjintwurdiget, alhoewol't de Russen de mearderheid fan de befolking útmeitsje. De offisjele talen fan de republyk binne it Russysk en it Adygeesk.

De bergen fan Adygeä

It oerflak fan Adygeä is 7790 km². De lingte fan de grinzen fan de republyk is 900 km. Fan noard nei súd is it gebiet 208 km, fan west nei east 165 km.

De republyk leit oan de foet fan de Kaukasus mei flaktes yn it noarden en bergen fan 3000 meter hichte yn it suden. Likernôch 40% fan it oerflak fan de republyk bestiet út bosk. De Kûban is in rivier fan 870 km en ien fan de belangrykste rivieren yn it gebiet. Foar in part foarmet de rivier de natuerlike grins yn it noarden fan Adygeä.

Fan de grûnstoffen binne der lytse foarrieden ierdgas, grutte foarrieden boumaterialen en lytse ôfsettings goud en erts yn it bercheftige diel fan de republyk.

It gebiet noardlik fan de Swarte See oan de kusten waard al yn de 5e-6e iuw fanút Byzantium kristene. Yn de rest de iuwen dêrnei gyng ek de rest fan de Sirkassiërs (ek wol Tsjerkessen of Adygeeërs) folk oer op it kristendom, ek al hearsken de islamityske Chazaren oer it gebiet. De Genuezen bouden hannelssintra en fêstings yn it gebiet dêr't de Sirkassiërs wennen.

Nei de fal fan Konstantinopel yn 1453 socht de befolking stipe yn Ruslân om harren warje te kinnen tsjin de Krimtataren. Yn de tiid fan Ivan de Grousume ferbûn Sirkaazje him mei Ruslân en der waard in ferdigeningsliny tsjin mooglike fijannen oanlein. Dat wie yn in tiid dat de Sirkassiërs yn 'e regel noch kristenen wiene. Dat feroare ûnder de Ottomaanske sultan Murat IV, dy't yn 1717 de Krimtataren hjitte de Sirkassiërs te bekearen ta de islaam en dat proses sette troch doe't bliken die dat in bekearing brûkt wurde koe om alliânsjes mei oaren oan te gean om harren selstannigens tsjin de Russyske ekspânsje te beskermjen.

Sirkassiërs dy't foar de Russen flechtsje út harren doarp (Pjotr Nikolajevitsj Grûzinski)

Neffens it troch Ruslân en Osmaanske Ryk ûndertekene Ferdrach fan Adrianopel (1829) waarden Osmaanske besittings yn de Kaukasus ôfstien oan it Russyske Ryk. Dêrûnder foel ek Adygeä, alhoewol't dat hielendal net ûnder it foech fan it Osmaanske Ryk foel. Hoe't dat koe is net bekend en in soad minsken, ynklúsyf de Dútske ekonoom Karl Marx, uteren dêr krityk op. De Adgejers wegeren harren derby del te jaan en pakten de wapens op. Sa ûntstie in jierrenlange kriich fan de Sirkassiërs mei Ruslân, dy't einige yn 1864. Dêrnei waard in grut part fan de befolking nei it Osmaanske Ryk ferballe, werby't in hûnderttûzenen minsken om it libben kamen. It diel fan de Sirkassiërs dy't efterbleaune moasten harren yn it flakke gebiet op de lofter kant fan de Kûban nei wenjen sette.

Oars as de measte oare republiken wie Adygeä yn de Sovjet-tiid gjin autonome Sosjalisistyske Sovjetrepublyk, mar in autonoom distrikt.

Adygeä waard op 24 augustus 1922 in autonome oblast. Op dat stuit wie Krasnodar it bestjoerlike sintrum fan it distrikt. Sûnt 13 augustus 1928 hearde Adygeä by de kraj Krasnodar. Nei de ûntbining fan de Sovjet-Uny yn 1991 waard Adygeä in autome republyk.

De befolking dy't it gebiet de namme joech binne de Adygejers. Hja foarmje lykwols mar likernôch in fearn fan de befolking, al nimt it perzintaazje Adygejers fan de totale befolking fan de republyk ta. Russen foarmje de mearderheid fan 'e befolking, mar harren oandiel sakket stadichoan. Oare minderheden binne de Oekraïners, Armeenjers en Koerden.

De Russen, Armeenjers en Oekraïners binne yn 'e regel kristenen, de Sirkassiërs, Tataren en Koerden moslims. De Russyske-Otterdokse Tsjerke foarmet de grutste religieuze mienskip.

De Adygejers wenje fral yn 45 aûls (in aûl is in doarp) en yn Maikop, Enem, Jablonovski en Tljûstenchabl. De measte konsinstraasjes komme foar yn de noardlike rajons (Tachtamkajski-, Teoetsjezjski- Sjovgenovski- Kosjechablski- Krasnogvardejski-rajon). Yn 1998 waard in groep fan 200 Sirkassiërs út Kosovo repatriëarre nei Adygeä, dy't fral yn Maikop en it nije doarp Mafechabl kamen te wenjen. De Russen en Armeenjers wenje fral yn de súdlike rajons.

Ferdieling etnysk befolkingsoandiel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stêden en plakken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutste plakken yn de republyk binne de haadstêd Maikop en Jablonovski, Enem en Giaginskaja. Tradisjonele doarpen fan de Adygejers wurde aûl neamd.

Yn de republyk lizze twa stêden en trije plakken fan it stedske type.

Stêden/plakken fan it stedske type
Wapen Namme Russysk Adygeesk Ynwenners (2022) Stedsdistrikt/plak fan it stedske type Lokaasje
Maikop Майкоп Мыекъуапэ 139.077 stedsdistrikt 44° 36' N 40° 06' E
gjin Jablonovski Яблоновский Кощхьабл 41.847 Plak fan it stedske type 44° 59' N 38° 57' E
Enem Эне́м Инэм 20.617 Plak fan it stedske type 44° 55' N 38° 547' E
Adygeisk Адыге́йск Адыгэкъалэ 12.910 stedsdistrikt 44° 53' N 39° 11' E
gjin Tljûstenchabl Тлюстенхабль Лъэустэнхьабл 5.848 Plak fan it stedske type 44° 58' N 39° 05' E

Yndieling distrikten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ferdieling distrikten

Adygeä is ûnderferdield yn sân rajons en twa stedsdistrikten:

  • 1 Maikop (stedsdistrikt)
  • 2 Adygeisk (stedsdistrikt)
  • 3 Giaginski rajon
  • 4 Kosjechablski rajon
  • 5 Krasnogvardejski rajon
  • 6 Majkopski rajon
  • 7 Tachtamûkajski rajon
  • 8 Teûtsjezjski rajon
  • 9 Sjovgenovski rajon

De lânbou en agro-yndustry foarmje de wichtichste pylders fan de ekonomy fan de republyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige en de Russysje Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Adygeja en ru:Адыгея

  • Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 12 augustus 2022

Dielgebieten fan Ruslân
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
· · Berjocht bewurkje