1938
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1933 | 1934 | 1935 | 1936 | 1937 | 1938 | 1939 | 1940 | 1941 | 1942 | 1943 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1938 MCMXXXVIII |
Ab urbe condita | 2691 |
Armeenske kalinder | 1387 ԹՎ ՌՅՁԷ |
Etiopyske kalinder | 1930 – 1931 |
Hebriuwske kalinder | 5698 – 5699 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1993 – 1994 |
- Shaka Samvat | 1860 – 1861 |
- Kali Yuga | 5039 – 5040 |
Iraanske kalinder | 1316 – 1317 |
Islamityske kalinder | 1357 – 1357 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4634 – 4635 甲丑 – 乙寅 |
1938 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1938.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1930-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 5 febrewaris - Yn nazy-Dútslân ûnslacht diktator Adolf Hitler de minister fan Oarloch, Werner von Blomberg, en de oerbefelhawwer fan it leger, generaal Werner von Fritsch, dy't sabeare 'om sûnensredens' opstappe. Dêrmei bringt er ek it leger ûnder syn macht. Hy wurdt sels minister fan Oarloch.
- 7 febrewaris - Yn nazy-Dútslân begjint de rjochtsaak tsjin 'e lutherske predikant Matin Niemöller, dy't him ûnder syn preken fûleindich oankantet tsjin it nasjonaal-sosjalisme.
- 10 febrewaris - Yn Roemeenje ûntslacht kening Karel II premier Octavian Goga en ropt de keninklike diktatuer út.
- 22 febrewaris - Yn 'e Spaanske Boargeroarloch liedt it republikeinsk regear fan Spanje yn 'e Slach om Teruel in swiere nederlaach: de stêd wurdt ynnommen troch de faksisten fan generaal Francisco Franco en 14.000 republikeinske soldaten komme om.
- 9 maart - De Eastenrykske kânselier Kurt Schuschnigg kundiget in referindum oan oer de fraach oft Eastenryk oansluting sykje moat by nazy-Dútslân, en ropt mei-iens syn lânslju op om te stimmen "foar in frij, Dútsk, ûnôfhinklik, sosjaal, liberaal, ienriedich Eastenryk."
- 11 maart - Under swiere Dútske druk moat de Eastenrykske kânselier Kurt Schuschnigg ôftrede. De Dútske diktator Adolf Hitler jout te kennen dat er wol dat Schuschnigg opfolge wurdt troch de tige pro-Dútske Arthur Seyss-Inquart. De Eastenrykske presidint Wilhelm Miklas wegeret lykwols Seyss-Inquart ta kânselier te beneamen; dyselde beneamt dêrop himsels, en ropt noch deselde jûns it Dútske leger te help om "de oarder te werstellen".
- 12 maart - Dútske troepen falle Eastenryk binnen en forsearje dêrmei de Anschluß by nazy-Dútslân. Eastenryk wurdt no ûnder namme Ostmark ûnderdiel fan Dútslân.
- 10 april - Yn in (folslein ûnfrij) referindum kart mear as 99% fan 'e ynwenners fan sawol nazy-Dútslân as it eardere Eastenryk de Anschluß goed.
- 24 april - Yn syn Karlsbader Programm stelt Konrad Henlein, de lieder fan 'e Sudetendútske Partij (SdP) fan 'e Dútske minderheid yn Tsjechoslowakije, acht easken oan it regear yn Praach, wêrfan't de wichtichste de folsleine autonomy fan it Dútsktalige Sudetenlân is. As de Dútske diktator Adolf Hitler dy easken stipet, liedt dit ta in krisis tusken Dútslân en Tsjechoslowakije.
- 29 april - De Britsk-Frânske Entânte wurdt fernijd. It Feriene Keninkryk jout hjirmei oan de Frânske garânsje fan 'e Tsjechoslowaakske grinzen te stypjen.
- 30 april - Switserlân freget oan en kriget fan it Folkebûn tastimming foar it fieren in strikte neutraliteitspolityk.
- 13 maaie - By in mislearre steatsgreep yn Brazylje wurde faksistyske diktator Getúlio Vargas en syn dochter in skoft yn gizeling holden troch oanhingers fan it yntregralisme, in rivalisearjende streaming binnen it Brazyljaanske faksisme.
- 21 maaie - Tsjechoslowakije kundiget de mobilisaasje ôf. It Feriene Keninkryk en Frankryk warskôgje nazy-Dútslân dat se net wurkeleas tasjen sille as de Tsjechoslowaakske soevereiniteit skeind wurdt.
- 2 juny - Sily seit syn lidmaatskip fan it Folkebûn op.
- 3 juny - It Snitser Swimbad wurdt iepene.
- 11 juny - Yn it ramt fan 'e Twadde Sineesk-Japanske Oarloch blaze de Sinezen sels in keardaam yn 'e Giele Rivier op, dêr't se de Japanske opmars mei hoopje tsjin te kearen. Dit liedt ta de oerstreaming fan 'e Giele Rivier, wêrby't yn it folgjende fearnsjier grutte dielen fan 'e provinsjes Henan en Shanxi derûnder strûpe en nei skatting 500.000 minsken omkomme.
- 17 juny - Japan ferklearret Sina formeel de oarloch. Dêrmei is eltse bemiddeling yn 'e Twadde Sineesk-Japanske Oarloch mislearre.
- 25 juny - Yn it ramt fan syn New Deal fiert de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt mei de Fair Labor Standards Act û.m. it minimumlean yn.
- 27 juny - Fleanfjild Ljouwert wurdt iepene.
- 25 july - Yn 'e Spaanske Boargeroarloch komme republikeinske regearingstroepen en de Ynternasjonale Brigades de faksistyske opstannelingen fan generaal Francisco Franco oer it mad yn 'e Slach oan de Ebro.
- 30 july - De Grykske diktator Ioannis Metaxas lit himsels útroppe ta premier foar it libben.
- 11 augustus - Bolivia en Paraguay slute formeel frede en meitsje sa definityf in ein fan 'e Chaco-oarloch, hoewol't der al sûnt 1935 in wapenstilstân gou.
- 29 augustus - Yn it Dútske München slute de Italjaanske diktator Benito Mussolini, de Britske premier Neville Chamberlain en de Frânske premier Édouard Daladier mei Adolf Hitler it Ferdrach fan München, wêrby't se op it hichtepunt fan 'e appeasement-polityk Tsjechoslowakije, de lêste demokrasy yn East-Jeropa, opofferje om 'e frede mei Dútslân te bewarjen. De Dútsers meie no it Sudetenlân anneksearje, wat it fuortbestean fan 'e rest fan Tsjechoslowakije op 'en doer ûnhâldber makket.
- 30 augustus - Poalen easket fan Tsjechoslowakije de etnysk Poalske grinskrite Teschen op.
- 1 septimber - Dútske troepen marsjearje neffens de ôfspraken fan it Ferdrach fan München Tsjechoslowakije binnen om 'e anneksaasje fan it Sudetenlân te bewurkmasterjen. Tagelyk tsjogge Hongaarske troepen it súdeasten fan Tsjechoslowakije binnen en besette de noardlike Donau-igge, in etnysk Hongaarsk gebiet.
- 2 septimber - Poalen beset de Tsjechoslowaakske grinskrite Teschen.
- 6 septimber - Slowakije kriget autonomy binnen de Tsjechoslowaakske rompsteat. Jozef Tiso wurdt de earste premier fan 'e autonome regio.
- 8 septimber - Roeteenje kriget ûnder de namme Karpato-Oekraïne autonomy binnen de Tsjechoslowaakske rompsteat.
- 10 septimber - De Fryske Akademy wurdt oprjochte.
- 21 septimber - De swiere Orkaan fan Nij-Ingelân treft it noardeasten fan 'e Feriene Steaten. Der komme tusken de 680 en 800 minsken om, 57.000 wenten reitsje slim skansearre of fernield en der wurdt foar $4,7 miljard oan skea oanrjochte (d.w.s. omrekkene yn jild fan 2010).
- 25 oktober - Yn it ramt fan 'e Twadde Sineesk-Japanske Oarloch feroverje Japanske troepen de yndustrystêd Wuhan.
- 10 novimber - Yn 'e saneamde Kristallnacht, in antysemityske pogrom yn nazy-Dútslân útfierd troch de Hitler Jugend, de Gestapo en de SS, komme 91 Joaden om. Fierders wurde tusken de 25.000 en 30.000 Joaden oppakt om nei de konsintraasjekampen stjoerd te wurden, wylst 267 synagogen en tûzenen Joadske winkels en wenten ferwuostge wurde.
- 5 desimber - As 130 frijwilligers dy't yn 'e Spaanske Boargeroarloch yn 'e Ynternasjonale Brigades tsjinne hawwe, weromkeare yn Nederlân, krije se te hearren dat se harren Nederlânske nasjonaliteit kwytrekke binne om't se yn bûtenlânske kriichstsjinst west hawwe.
- 6 desimber - Frankryk en nazy-Dútslân slute it Ribbentrop-Bonnetpakt, in anty-agresje-oerienkomst, ûndertekene troch de ministers fan Bûtenlânske Saken Joachim von Ribbentrop en Georges Bonnet.
- 26 desimber - Op 'e 8e Panamerikaanske Konferinsje yn 'e Perûviaanske haadstêd Lima sprekke de Feriene Steaten en tweintich Latynsk-Amerikaanske lannen harren solidariteit út tsjin militêre yntervinsje fan bûtenôf yn it westlik healrûn.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 21 - Wolfman Jack, Amerikaansk radiodiskjockey († 1995)
- 23 - Anatoli Martsjenko, Sovjet dissidint († 1986)
- 25 - Etta James, Amerikaansk sjongster († 2012)
- 31 - keninginne Beatrix fan de Nederlannen
- 31 - Lous Haasdijk, Nederlânsk presintatrise († 2010)
- febrewaris
- 1 - Jimmy Carl Black, Amerikaansk sjonger en drummer († 2008)
- 4 - Pieter Verhoeff, Frysk regisseur en dokumintêremakker († 2019)
- 13 - Jan Siebelink, Nederlânsk skriuwer
- 17 - Leo Popma, Frysk skriuwer en bibletekaris
- 19 - Berber van der Geest, Frysk dichteresse en skriuwster († 2019)
- 23 - Leo Beerendonk, Nederlânsk fuotballer († 2022)
- maart
- 1 - Aart Staartjes, Nederlânsk akteur en presintator († 2020)
- 1 - Wim Cornelis, Nederlânsk sportbestjoerder († 2022)
- 17 - Frâns Holwerda, Frysk dichter, skriuwer en literêr kritikus († 2000)
- 21 - Klaas Hoekstra, Frysk oersetter († 2012)
- april
- 2 - Geertje Lycklama à Nijeholt, Frysk heechlearaar en politika († 2014)
- 8 - Kofi Annan, Ganeesk diplomaat en siktaris-generaal fan 'e Feriene Naasjes († 2018)
- 22 - Henk Groot Nederlânsk fuotballer († 2022)
- 30 - Haije Sybesma, Frysk politikus († 2018)
- maaie
- 8 - Jean Giraud, Frânsk striptekener († 2012)
- 12 - Andrej Amalrik, Sovjet skriuwer en dissidint († 1980)
- 16 - Edmond Classen, Nederlânsk akteur († 2014)
- 17 - Trinus Riemersma, Frysk skriuwer († 2011)
- 20 - Stien Baas-Kaiser, Nederlânsk hurdrydster († 2022)
- 24 - Mathieu Sprengers, Nederlânsk sportbestjoerder († 2008)
- juny
- 10 - Violetta Villas, Poalsk sjongeres en aktrise († 2011)
- 16 - Torgny Lindgren, Sweedsk skriuwer († 2017)
- july
- 4 - Hindrik van der Meer, Frysk lietsjeskriuwer en muzikant
- 5 - Bram Dijkstra, Amerikaansk taalkundige en publisist
- 12 - Ronny Bierman, Nederlânsk aktrise († 1984)
- 17 - Hermann, Belgysk striptekener
- 20 - Diana Rigg, Ingelsk aktrise († 2020)
- 28 - Mel Thom, Amerikaansk aktivist
- 28 - Robert Hughes Australysk keunstkritikus, skriuwer en dokumintêremakker († 2012)
- augustus
- 3 - Terry Wogan, Iersk presintator († 2016)
- 21 - Kenny Rogers, Amerikaansk sjonger († 2020)
- septimber
- 17 - H.H. ter Balkt, Nederlânsk dichter († 2015)
- 23 - Romy Schneider, Eastenryksk aktrise († 1982)
- 23 - Jean-Claude Mézières, Frânsk auteur († 2022)
- 29 - Wim Kok, premier fan Nederlân († 2018)
- oktober
- 14 - Sikke Doting, Frysk taalaktivist († 2011)
- 19 - Renata Adler, Amerikaansk sjoernaliste en skriuwster
- 24 - Marron Curtis Fort, Amerikaansk taalkundige († 2019)
- 29 - Ruud van Hemert, regisseur en programmamakker († 2012)
- novimber
- 8 - Pleuni Touw, Nederlânske aktrise
- 11 - Ants Antson, Estysk reedrider († 2015)
- 18 - Albert White Hat, Amerikaansk taalaktivist († 2013)
- desimber
- 5 - J.J. Cale, Amerikaansk muzikant, komponist en sjonger († 2013)
- 11 - Cees Fasseur, Nederlânsksk histoarikus en jurist († 2016)
- 15 - Fred Anton Maier, Noarsk reedrider († 2015)
- 18 - Roger E. Mosley, Amerikaansk akteur
- 31 - Atsje Keulen-Deelstra, Frysk hurdrydster († 2013)
- datum ûnbekend
- Jikke de Haan, Frysk oersetster en toanielregisseur († 2024)
- Hessel van der Wal, Frysk kabaretier en lietsjeskriuwer († 2012)
Bisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 26 jannewaris - Zitkála-Ša, Lakota-aktiviste en -skriuwster (* 1876)
- 2 febrewaris - Frederick William Vanderbilt, Amerikaansk ûndernimmer (* 1856)
- 8 april - Willem van Schaik, Frysk keunstskilder en tekener (* 1874)
- 11 april - George Bird Grinnell, Amerikaansk soölooch en antropolooch (* 1849)
- 12 maaie - Frank B. Linderman, Amerikaansk folkekundige en politikus (* 1869)
- 16 augustus - Robert Johnson, Amerikaansk sjonger en muzikant (* 1911)
- 10 novimber - Mustafa Kemal Atatürk, (earste) presidint fan Turkije (* 1881)
- 2 desimber - Gerrit Tromp, Frysk roeier (* 1901)
- 5 desimber - Simke Kloosterman, Frysk skriuwster (* 1876)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- romans
- William Heinesen, Noatun (oerset yn it Frysk as It Nije Hiem)
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jierren: | 1933 | 1934 | 1935 | 1936 | 1937 | 1938 | 1939 | 1940 | 1941 | 1942 | 1943 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|