Linschoten
Appearance
Linschoten is in doarp yn de gemeente Montfoort yn de provinsje Utert. Linschoten leit oan de N204 tusken Woerden en Montfoort op it plak dêr't it rivierke de Lange Linschoten oergiet yn de Koarte Linschoten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Linschoten wurdt foar it earst neamd yn 1172 as Lindescote, in gearfoechsel fan Linde (de namme fan in rivierke) en scote (in stik lân dat boppe it leechlân útkomt). Hoewol't der yn 1270 pas foar it earst in fermelding is fan in fersterke Hûs te Linschoten, wie dat der grif ek al yn 1172.
Yn 1857 waarden Achthoven, Linschoten en Wulverhorst gearfoege ta ien gemeente. Op 1 jannewaris 1989 waarden Linschoten, Willeskop en Montfoort gearfoege ta de gemeente Montfoort.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nije Sânwei, in begraafplak út 1873.
- Huis te Linschoten;
- De Linschoterbosk;
- St. Janstsjerke, wêrfan de toer skean stiet troch fersakkings;
- Teater De Wildeman.
Bekende ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- In skelnamme foar de ynwenners is ballesnobbers.[1]
- Yn 1993 rjochtet Mat Herben de lokale partij Leefbaar Linschoten op.
- Yn Linschoten is in fierljepskâns. Op 27 augustus 2011 fêstige Bart Helmholt út Hurdegaryp yn Linschoten it Nederlânsk record Fierljeppen mei in ôfstân fan 21,51 meter.
- De riedspensjonaris Johan de Witt wie tusken 1661 en 1672 hear fan Súd- en Noard-Linschoten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
--- |